Plysje hâldt twa manlju oan foar belutsenheid by dea Ida Klijnstra yn 2008

15 nov 2021 - 12:36

De plysje hat twa fertochten oanhâlden foar belutsenheid by de dea fan Ida Klijnstra-Kuipers. De frou waard yn 2008 dea fûn yn har wenning yn De Blesse.

Ida Klijnstra-Kuipers - Foto: Omrop Fryslân

De fertochten dy't no oanhâlden binne, binne in 39-jierrige man út It Hearrenfean en in 34-jierrige man út Wolvegea. Yn oktober hat de 39-jierrige Feanster in ferklearring ôflein oer it geweldsmisdriuw yn 2008. Dêrop is it ûndersyk weriepene.

De fertochte hat yn 2009 ek yn byld west by it ûndersyk. Dizze 39-jierrige man hat him sels op it plysjeburo meld. Dêrnei is ek de twadde fertochte oanholden.

Cold case op 'e nij foar it ljocht

"Cold cases blijven altijd een punt van aandacht, dit bewijst ook maar weer dat dit soort zaken eigenlijk nooit gesloten kunnen worden. Het toont ook dat daders in dit soort zaken vaak aan mensen in hun omgeving vertellen wat ze hebben gedaan of dat ze bij zichzelf te rade gaan en uiteindelijk naar de politie stappen", sa ferklearret de plysje.

De plysje oer it weriepenjen fan de saak

De plysje jout oan mei beide fertochten yn petear te gean. "Er is een team samengesteld, informatie uit het oude onderzoek is opnieuw bestudeerd en forensische sporen zijn opnieuw beoordeeld." Ek ferklearret de plysje yn goed kontakt te stean mei de neibesteanden fan Klijnstra.

Tredde fertochte hat himsels tekoart dien

Yn 2008 die in 50-jierrige man himsels tekoart doe't de plysje him thús yn Frjentsjer oanhâlde woe op fertinking fan it opsetten fan in oerfal. It Iepenbier Ministearje giet derfan út dat dy man ek belutsen west hat by dizze saak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)