Liveblog | 15 novimber 2021

Coronanijs 15 novimber: rekôrtal prikken set op lêste dei faksinaasjebus

Yn dit liveblog melden we al it Fryske nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 15 novimber 2021, 22:57
moandei 15 novimber 2021
22:56

Sa mar

We slute dit liveblog ôf. Tank foar it folgjen. Moarnier starte we in nij liveblog op!
22:48

Oanjefte tsjin testoanbieder om falske faksinaasjebewizen

It ministearje fan Folkssûnens hat oanjefte dien tsjin in oanbieder fan coronatests fanwegen 'strerke vermoedens' dat dat bedriuw falske faksinaasjebewizen útjûn hat. It bedriuw hat gjin tagong mear ta it systeem fan de CoronaCheck-app en kin gjin ôfspraken mear ynplanne foar Testen voor Toegang.
"We streven ernaar om zo veel mogelijk frauduleus uitgegeven vaccinatiebewijzen te blokkeren", seit in wurdfierder fan it ministearje. Der is oanjefte dien by de plysje, dy't de saak 'heel serieus' nimt.
22:19

Omklaaikeet by swimbad Bûtenpost

Guon net-faksinearre heiten en memmen ha by swimbad De Kûpe yn Bûtenpost in boukeet pleatst, sadat se har bern dêr omklaaie litte kinne. Ofrûne wykein pleatste in heit in foto doe't er syn bern bûten omklaaie liet, skriuwt RTV NOF. By it swimbad stiet befeiliging dy't kontrolearje op it coronatagongsbewiis en in ID-kaart. Dat is neffens lanlike rjochtlinen.
22:10

NOC*NSF freget stipe lokale polityk

NOC*NSF-foarsitter Anneke van Zanen-Nieberg hat yn de algemiene gearkomste fan de sportkoepel in oprop dien oan de politike partijen dy't takom jier meidogge oan de gemeenteriedsferkiezingen. "Het is de kans voor ze om te laten zien hoe zij de sport willen steunen", sei Van Zanen. Sy joech oan hoe bot de sport te lijen hat fan de coronamaatregels. "Maar moedeloos word ik er niet van als ik zie hoe iedere keer weer de schouders eronder worden gezet."
Nieuwe maatregelen leiden steeds weer tot beperkingen, nu met name voor de binnensporten. "Ik zie hoe iedereen 24 uur per dag werkt aan het openhouden van de sport, hoe ingewikkeld de regels ook zijn. We vinden steeds weer een manier om ermee te dealen. Sport is essentieel om Nederland gezond en vitaal te houden."
21:06

Sinteklaasyntocht Bûtenpost giet troch

De yntocht en it Sinteklaasfeest yn Bûtenpost giet kommende saterdei troch. Der feroaret wol wat: de Sint komt net mei de trein oan by it stasjon. De rûte dy't de Sint ride sil, wurdt letter bekend makke. It feest begjint om 14.00 oere.
19:22

Winkeleigeners: tsientûzenen minsken nedich foar kontrôle

Winkeleigeners ha tûzenen wurknimmers nedich om kontrolearje te kinnen op it coronatagongsbewiis. Yn totaal soenen der 300 miljoen oant 500 miljoen checks de moanne dien wurde moatte, sizze brânsfertsjintwurdigers. It demisjonêre kabinet wol it coronatagongsbewiis ferplichtsje by net-essinsjele winkels en tsjinstferlieners.
INretail sei eerder al dat der net genôch personiel is om de QR-koade oan de doar te kontrolearjen. Boppedat soe de ynfiering foar diskusje soargje kinne. De sektor sels wol it tal coronabesmettingen beheine troch wer minder minsken de winkels yn te litten en troch it mûlkapke en ôfstân hâlden te ferplichtsjen. Boppedat soe it sprieden fan klanten better wêze as it beslút fan it kabinet om net-essinsjele winkels om 18.00 oere te sluten.
Dêrnjonken is it neffens winkeleigeners "onduidelijk hoe burgemeesters de regels kunnen handhaven als er 56.000 winkels als werkterrein bij komen". No is it coronatagongsbewiis al ferplicht yn de hoareka, yn kasino's en by eveneminten lykas festivals.