Omtinken foar de klimsport mei it NK Speedklimmen yn Ljouwert

Yn it Ljouwerter klimsintrum Noardwand waard snein it open NK Speedklimmen holden. By de froulju gie de winst nei Elbrich Schoorstra fan Ljouwert.
© Klimcentrum Noardwand
Neffens Lilian Verhaag fan it klimsintrum wie it in 'hartstikke moai' wykein. "Us Friezinne Elbrich hat har titel prolongearre, sy is by de froulju wer kampioen wurden. By de manlju wie ek deselde kampioen, mar dy komt út it suden."

Klimme yn 'e berneskuon

De sport stiet noch yn 'e berneskuon, jout Verhaag ta. "Elbrich hat in nij Nederlânsk rekôr klommen, om de 10 sekonden hinne. De wrâldtop sit op sa'n 6 sekonden. Dus dêr sit noch in gat. It is koartlyn wol in olympyske sport wurden, mar der mei noch wol wat barre. It is ek net sa nuver, want der binne mar twa banen yn it lân: yn Ljouwert en Sittard."
Boppedat is it sintrum yn Ljouwert noch mar trije jier iepen. Yn de klimsport binne der trije dissiplinen: lead, speed en boulder. By speed is it doel simpel: sa rap as mooglik by in klimmuorre fan 15 meter heech op klimme. It sintrum yn Ljouwert hat in muorre dy't offisjeel kard is.
Lilian Verhaag fan it klimsintrum