292 nije coronabesmettingen fêststeld, mooglik leger troch steuring

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 292 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne 355 minder as sneon. Doe waarden 647 besmettingen meld. Mooglik falt it sifer leger út troch in eardere steuring by it RIVM.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 514 besmettingen meld yn Fryslân.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der is ien pasjint mei it coronafirus opnommen yn de Fryske sikehuzen. Dat giet om in ynwenner fan Achtkarspelen.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 12.052. It trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 13.465.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.