Leit walrus Freya yn in Ingelske haven te koesen?

14 nov 2021 - 13:45

Yn Grut-Brittannië is in walrus sinjalearre op de stiennen fan de haven fan Seahouses yn Northumberland. Oft it om Freya giet, is net dúdlik. Op de foto is te sjen dat it bist lekker oan it koesen is.

Foto: Twitter Andrew Douglas

Earder wie Freya in skoft yn Fryslân, ûnder oare op Skylge en yn Harns.

Op de oprop foar in namme kamen sa'n twatûzen ynstjoeringen binnen by Omrop Fryslân en doe is de namme Freya keazen.

Trefwurden: 
Freya Ingelân Walrus
(Advertinsje)
(Advertinsje)