Langer thús wenje troch wenningtekoart: "Ik skamje my derfoar"

As tweintiger dyn earste hûs keapje: earder wie it mooglik. No is dat noch mar foar in inkeling weilein. Der binne te min wenten en de huzeprizen wurde mar heger. Starters sitte klem en bliuwe langer by har âlden wenjen. De 29-jierrige Edwin Draaijer is sa'n starter dy't noch thús wennet. Hy skammet him hjirfoar.
Edwin Draaijer © Omrop Fryslân
De starters op de wenningmerk binne foaral millennials: de generaasje dy't berne is tusken 1980 en 2000. By har spilet it plak dêr't se berne binne in grutte rol by de foarkar foar in hûs. Starters wolle yn de regel graach wenje dêr't se grutbrocht binne.

Gjin hûs te keap yn Sleat

Mar sa maklik is dat net. Ek net yn Sleat. De stêd hat neffens sifers fan it CBS goed 700 ynwenners en 346 wenten. Dêrfan stiet op it stuit net ien te keap. Jonge Sleattemers lûke de stêd út of bliuwe by har âlden wenjen.
Ik soe graach it hûs út wolle, want op je 29ste noch by dyn âlden op de bank Shownieuws sjen, is ek net echt dyn takomstbyld.
Edwin Draaijer
De 29-jierrige Edwin Draaijer út Wikel wennet noch thús. "Ik soe graach it hûs út wolle, want op je 29ste noch by dyn âlden op de bank Shownieuws sjen, is ek net echt dyn takomstbyld."

Fan plak 2 nei plak 35

Hy is al jierren dwaande mei it finen fan in eigen hûs. In wente keapje hat er al út de holle set. Ek al hat Edwin in baan, mei de hege huzeprizen is it yn syn ientsje net te beteljen. Hy hat ek de pech dat er fan plak 2 nei plak 35 weromsakke is op de list foar sosjale hierwenten, om't de wenningstichting fusearre is.
Troch de ûntwikkelingen op de huzemerk bliuwe mear jongeren thús wenjen. It tal jongeren tusken de 20 en de 30 jier âld dy't noch by har âlden wenje, is yn tsien jier mei 30 prosint tanaam, docht bliken út de sifers fan it CBS.
Pascal de Vries © Omrop Fryslân
Pascal de Vries út Sleat wennet yn in sosjale hierwenning yn Sleat, mar de wenning is te lyts foar him en syn freondinne. "Je sitte wolris op mekoars lippe, sa lyts is it. It bout in bepaalde spanning op tusken my en myn freondinne. We moatte hjir gewoan wei, it leafst sa gau mooglik."

Jild liene fan âlden

Mei in soad 'kapers op de kust' en net in soad oanbod is it dreech om in hûs te finen. De 23-jierrige Wierd Vis hat dêr wat op betocht. Syn âlden ha him in bedrach liend, sadat hy yn kombinaasje mei in hypoteek en eigen sparjild dochs in hûs keapje koe yn Sleat.
Finansjeel adviseur Jasper Meijer sjocht dizze konstruksje faker. Alden meie har bern 100.000 euro skinke foar in hûs. Dat helpt om dochs oan in hûs te kommen. "De prijsklasse waarin je zocht bestaat niet meer, dus je moet alweer een ander type woning voor hetzelfde geld gaan kopen nu omdat het alleen maar duurder gaat worden", seit Meijer. Mar neffens him sjogge je sa hieltyd mear ferskil yn priisklassen.

Premie A-wenningen

Premie A-wenningen weromkomme litte, soe neffens Meijer in oplossing foar starters wêze kinne. Ein jierren tachtich wiene dy hûzen der foar net mear as 140.000 euro en koene starters in subsydzje krije, ôfhinklik fan har ynkommen. Starters kinne hjirtroch better trochstreame. It is neffens Meijer ek yn te fieren by hierwenningen. Meijer sjocht no in te frije sektor en dat driuwt de priis allinnich mar mear omheech.
Wierd Vis en syn heit © Omrop Fryslân
De iennige keapwenning dy't koartlyn yn Sleat op Funda stie, is it hûs fan Jaap Vlessing. It grutte 17de-iuwsk hûs oan de stedsgrêft kostet mear as in miljoen. Yn de jierren tachtich hat Vlessing it hûs kocht, nei't it al in tal jierren leech stie. De trend dat mear minsken fan bûten Sleat hûzen opkeapje, sjocht hy ek.
Dat is neffens him net fuort ferkeard: "Als die niet-Friezen hier maar komen wonen. Het probleem is dat er op het ogenblik maar woningen worden opgekocht door mensen die niet van plan zijn om hier permanent te komen wonen, die het alleen maar als tweede woning beschouwen, en dat is jammer."

Frije merk

De gemeente De Fryske Marren docht net in ynventarisaasje om te sjen oft de wenten yn Sleat wol permanint bewenne wurde. Neffens wethâlder Boerland kin de gemeente net bepale wa't wol of net in hûs keapet, om't dit de frije merk is.
Wol makket hy him soargen oer de starters yn syn gemeente. Om dy reden wurde prosedueres om wenten te bouwen koarter: it giet fan 7 à 10 jier nei 4 à 5 jier. Al betsjut dat net fuortendaliks dat der wenromte komt foar de jongerein yn Sleat.
Sleat © Omrop Fryslân
"Ik sjoch myn takomst somber yn kwa wenning, ik sil gewoan wachtsje moatte. Dat is hurd en as it sa trochgiet sit ik op myn 37ste noch by myn âlders op de bank", seit Edwin.
Pascal sjocht it net as pech dat er klem sit yn syn krappe hierwenning: "Miskien is it takom jier hiel oars. It is net pech, mar it is wol hiel jammer."
Reportaazje fan Johanna Brinkman oer de wenningmerk yn Sleat