Winner fan 48 Hour Film Project is de film 'Wat is daarop uw antwoord'

De koarte film Wat is daarop uw antwoord is útroppen ta de bêste film fan it 48 Hour Film Project. De makkers krigen in sjek fan 750 euro. De twadde en tredde priis gienen nei de koarte films Zwarte piste en Koe.
De trije winnende teams © Marc de Fotograaf
Oan it projekt dienen 29 teams mei. Se gienen twa wiken lyn op paad om binnen 48 oeren in koarte film te meitsjen, fan it skriuwen oant en it filmjen en montearjen. Der wienen in pear foarskriften: in sjenre, se moasten in kompas brûke en de sin "ik respecteer je beslissing, maar ik accepteer 'm niet" brûke en noch wat oare saken.
De sjuery bestie út aktrise Miryanna van Reeden, regisseur Dennis Bots en regisseur/acteur Jörgen Scholtens. Se wienen te sprekken oer hoe't de makkers fan de winnende film alle ferplichte yngrediïnten ferwurken. De film krige ek in priis foar 'Best sound design', 'Best editing' en foar 'Best acting male', dat wie Raymond Muller.

Publyksprizen

De film Zwarte piste krige de publykspriis yn groep B. De film Brutsen Wyt krige de publykspriis yn groep A.

De trije bêste films wurde fertoand op Filmapalooza, it jierlikse 48 Hour Film Project yn Amearika. De film dy't dêr wint, wurdt fertoand op it filmfestival fan Cannes.