Liveblog | 14 novimber 2021

Buma oer ûnrest Ljouwert: "Onaanvaardbaar" | Lanlik mear as 1800 coronapasjinten yn it sikehûs

Yn dit liveblog melde we al it Fryske nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 14 novimber 2021, 21:58
snein 14 novimber 2021
21:58

Oant safier

We slute dit liveblog ôf. Tank foar it folgjen. Moarnier starte we in nij liveblog op!
18:31

Liet 2021 giet troch

Nettsjinsteande de nijste coronamaatregels giet Liet 2021 nije wike woansdei troch. Dat hat de organisaasje bekend makke. It songfestival is wol sûnder publyk.
Omrop Fryslân stjoert de show fan 20.00 oere ôf wol live út. It publyk kin foar it earst online stimme op harren favoryt. Dizze publykstim is it fiifde sjuerylid.
16:10

Ton Eijer oer de hoareka-aksje: "Dit is net hoe't wy op de kaart stean woene"

"Dat is net sa as wy op de kaart stean woene", seit Ton Eijer fan de Ljouwerter hoareka oer de rellen dy't juster yn it sintrum fan Ljouwert wiene.
Foarsitter Ton Eijer fan Koninklijke Horeca Nederland yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Neffens him begûn de jûn sfearfol, mar wiene der ek oare sinjalen. "We hiene wol sinjalen krigen dat minsken bewust nei Ljouwert gean soenen om te relskoppen. Dat hat neat te krijen mei coronamaatregels: sy sykje bewust konfrontaasje mei de plysje."

Trochkrongen yn Den Haag

"It wichtigste is dat we trochkrongen binne yn Den Haag, dat der fluch in gesprek komt. De stipemaatregels moatte op oarde, wêr is ús takomst?"
16:00

Skoalle Aldegea (Sm) hiele wike ticht

Skoalle De Diamant yn Aldegea (SM) bliuwt fan moandei 15 novimber ôf de hiele wike ticht. Dat is besletten fanwegen it hege tal besmettingen ûnder learlingen en âlders yn Aldegea, en op basis fan advys fan de GGD.
"We begrijpen dat een week schoolsluiting een ingrijpende zaak is", skriuwt it skoalbestjoer. Se hoopje dat de skoalle op moandei 22 novimber wer iepen kin.
15:31

RIVM: 292 nije besmettingen yn Fryslân; mooglik in steuring

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 292 nije coronabesmettingen registrearre. Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 12.052.
Mooglik falle dizze sifer leger út troch in eardere steuring by it RIVM.

Gjin stjergefallen

Der binne gjin stjergefallen fêststeld troch it coronafirus. Wol is der ien pasjint mei it coronafirus opnommen yn de Fryske sikehuzen.
15:24

Boargemaster Buma oer ûnrêst yn Ljouwert: 'Ik vind het onaanvaardbaar'

Boargemaster Buma fan Ljouwert fynt it 'onaanvaardbaar' wat der sneontejûn yn de stêd bard is. Nei't de hoareka twongen wie om acht oere de doarren te sluten, kearde in grutte groep minsken har tsjin de plysje. De plysje soe bekûgele wêze mei stiennen, glês en fjoerwurk. Der binne 16 oanhâldingen west.
Sybrand Buma © Omrop Fryslân
Earder hienen fjirtich hoareka-ûndernimmers sein dat se net tichtgienen om 20.00 oere, mar nei in petear mei boargemaster Buma ha se har dellein by de nije coronamaatregels. De gemeente drige mei in twangsom fan maksimaal 10.000 euro foar hoarekasaken dy't net om acht oere de doarren sluten soene.

'Heel veel begrip' foar ûndernimmers

De boargemaster hat lykwols 'heel veel begrip' foar de ûndernimmers. "Dat zij een uitlaatklep zoeken om hun boosheid te laten zien, dat snap ik. Het kan alleen niet zo zijn dat daarmee een regel, die echt ook bedoeld is om de verspreiding van een virus te voorkomen, niet wordt nagevolgd. Dus er zit voor mij een verschil tussen begrip voor de boosheid en het accepteren van het langer openzijn."