Festival Explore the North giet net troch nei ferskerpe coronamaatregels

It festival Explore the North giet net troch. Dat hat de organisaasje sneontejûn bekend makke. It stie fan 19 oant en mei 21 novimber pland yn Ljouwert.
Argyffoto 2019 © Marc Henri Queré
"Wij kunnen niet anders dan te stoppen met de organisatie van deze editie", jout de organisaasje oan. Se wolle besikers en artysten in 'Explore-weardich' programma biede kinne, mei it 'Explore the North-gefoel' yn in yntime setting.
"Die puzzel kunnen we op deze korte termijn echt niet meer leggen, een groot deel van het programma en een aantal locaties valt door de beperkingen weg." Boppedat ferwachtsje se dat de besmettingssifers oprinne en dat it net goed fielt om elkoar te moetsjen.
Minsken dy't kaarten kocht hawwe, krije har jild werom.