Plysje hâldt 16 minsken oan by rellen yn Ljouwert, wêrfan 6 minderjierrich

By de rellen yn Ljouwert sneontejûn hat de plysje oant safier no bekend is 16 minsken oanhâlden. Se sitte allegearre noch fêst en sille dizze snein heard wurde. Fan de arrestanten binne seis minderjierrich. In grutte groep minsken wie sneontejûn yn it sintrum nei't de hoareka om 20.00 oere de doarren ticht die.
Earst waard songen en wie der muzyk, mar letter sloech de sfear op it Saailân om en moast de ME yn aksje komme om de minsken fuort te stjoeren. Der is mei fjoerwurk en bierfleskes op plysjeminsken en de ME smiten.
Earder hienen fjirtich hoareka-ûndernimmers sein dat se net tichtgienen om 20.00 oere, mar nei in petear mei boargemaster Buma ha se har dellein by de nije coronamaatregels. Se rûnen oars it risiko om in twangsom fan 10.000 euro te krijen.
De plysje hat bylden fan sneontejûn en docht fierder ûndersyk nei wat him ôfspile hat.