Smoardrok by priklokaasje Snits: 'Grutte rige fuortwurke'

Der waard sneon in soad gebrûk makke fan de faksinaasjelokaasje yn Snits. "We hebben een enorme rij mensen weggewerkt", seit lokaasje-koördinator Kitty Smit. Minsken sûnder ôfspraak wolle har massaal prikke litte. Neffens Kitty Smit litte sy harren faksinearje fanwegen de nije coronamaatregels.
Lange rigen foar de priklokaasje yn Snits:
De ekstra prikkers yn Snits soargje net foar in tekoart oan faksins. Wol moasten der ekstra minsken by komme om te helpen. "We moeten echt vol gas door", fertelt Kitty Smit, dy't dit noch nea earder sa sjoen hat.

400 ôfspraken ynpland

Ferline wike wie it al drok, mardizze sneon wie neffens har 'bizar'. "We hebben straks waarschijnlijk aan het einde van dag meer inloop dan dat we afspraken hebben.", ferfolget sy. It oantal ôfspraken dat ynpland stiene foar sneon wie 400.
Neist Snits wie it sneon ek drok yn Ljouwert. Drachten wie foar it earst wer iepen. Om 20.00 oere hâlde se yn Snits op en snein kinne minsken terjochte yn Drachten, dan is Snits ticht.