Harkemase Boys lit kâns op perioadetitel lizze: ferlies tsjin Excelsior'31

Harkemase Boys hat sneon ferlern yn de tredde divyzje. Tsjin Excelsior'31 út Rijssen waard it 3-2. Troch it ferlies gripe de Boys njonken de earste perioadetitel. De Fryske klups yn de haadklasse spilen sneon net yn ferbân mei coronagefallen.
© Orange Pictures
Harkemase Boys hie in geweldige start. Kian Visser kopte de bal yn de achtste minút nei in hoekskop yn it doel: 0-1.
Nei in lyts healoere krige Excelsior'31 in strafskop nei hands fan Max de Jong. Hakim Ezafzafi koe de kalmte bewarje en skeat de penalty raak: 1-1. Krekt foar it skoft kaam Harkemase Boys der goed foarwei doe't Vincent Schmidt de latte rekke.
It wie bytiden in fûle striid yn de earste helte © Orange Pictures
De twadde helte sette wer goed útein foar de Boys. Arnoud Bentum kopte de bal yn de 58ste minút efter doelman Anthony van Zaltbommel fan Excelsior'31: 1-2.

Harkema jout foarsprong út hannen

Harkemase Boys koe lykwols net lang genietsje fan de foarsprong. Yn de 61ste minút makke Ezafzafi út de rebound lyk nei't de bal fia de binnenkant fan de peal it fjild wer yn kaam.
Twa minuten letter wie it alwer raak foar Excelsior'31. No wie it Pim ten Have, âld-spiler fan Harkemase Boys, dy't Erick Jansema passearre: 3-2.
De Boys dienen der noch alles oan om lyk te meitsjen, mar dat slagge net. Harkemase Boys grypt dus njonken de perioadetitel en is foarearst twadde.
Trainer Bosma fan Harkemase Boys
Henny Bouius fan Harkemase Boys