FIDEO: de 'stim' fan Domela yn it Tripgemaal fan Gersleat

13 nov 2021 - 16:38

Yn it Tripgemaal fan Gersleat is in eksposysje oer de feanarbeid fan eartiids te sjen, mar ek is de 'stim' fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis (1846-1919) te hearren. Alteast, de eigeners hawwe akteur Frits Lambrechts frege om syn wurden nij libben yn te blazen. Domela wie in sosjalistyske en letter anargistyske foarman: fan ein jierren 1870 ôf besocht hy mear rjochten foar arbeiders foarinoar te krijen. Hy hie in soad oanhing yn Fryslân.

De ideeën fan Domela, 'ús Ferlosser', op 'e nij fertolke:

(Advertinsje)
(Advertinsje)