Eveneminte-organisator oer nije coronamaatregels: "De motivaasje is fuort"

Fanwegen de nije coronamaatregels giet it evenemint 'Hemels' dizze sneontejûn op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert net troch. En itselde jildt foar Oktoberfest, dat nije wike op deselde lokaasje wêze soe.
© Omrop Fryslân
Dat it net trochgean kin, is dúdlik foar organisator Bobby Veenstra. "We begjinne om 17.00 oere en soenen om 18.00 oere wer ophâlde moatte. Boppedat soenen minsken sitte moatte en sitte by in evenemint kin net en dan moat ek nochris om 20.00 oere de hoareka slute."
Yn de tinte wie freedtejûn Queen Mania. "Dat wie in prachtjûn mei in moaie stimming." Hy fernimt dat it personiel it der dreech mei hat. "Se wienen djip teloarsteld nei de parsekonferinsje. De enerzjy streamt út it liif wei. It is mentaal en bedriuwsekonomysk in drama."

Motivaasje is fuort

Hy ferwachtet net dat it nei trije wiken lockdown klear is. Yn desimber stiet in 90's XXL feest pland, mar minsken wachtsje ek ôf mei it keapjen fan kaarten. "Yn desimber 2019 wie ús lêste evenemint en dan meie we wer en dan is dit hiel demotivearjend. We ha gjin idee wannear't we wol wer los kinne. De motivaasje is fuort."
Veenstra sinjalearret ek noch in oar probleem: "Der is in útstream fan kennis en knowhow. Minsken dêr't we al jierren mei gearwurkje fine oare wurk. Al dy kennis giet ferlern en dat duorret wer jierren om op peil te bringen."
Bobby Veenstra oer eveneminten