Sinteklaasyntocht yn Ljouwert mei roetfeechpiten, mar ek Swarte Piten

Sinteklaas is oankaam yn Ljouwert. Op de pakjesboat kaam er mei syn roetfeechpiten nei de Prinsetún. Neist roetfeechpiten binne der ek Swarte Piten yn it sintrum. Sy demonstrearje tsjin de nije opset fan de yntocht.
De organisaasje hie oproppen om net nei de Prinsetún te gean. Neffens ferslachjouwer Lennard Geerts is dêr aardich gehoar oan jûn.
Sa kaam Sinteklaas oan yn de Fryske haadstêd:
Ricardo Brouwer stie yn de Prinsetún om de Sint binnen te heljen. "Ik heb er ontzettend veel zin in."

Kommoasje oer nije foarm

Der wie earst wol kommoasje oer de nije foarm fan de yntocht: de Swarte Piten waarden ynwiksele foar roetfeechpiten. "Mensen vonden de nieuwe stijl van de intocht wat minder mooi. Dat is hun goed recht om dat te vinden, maar dat betekent niet dat we er hier een minder feestje van maken", seit Brouwer dêroer. Neffens him is dat goed slagge. "Als je om je heen kijkt zijn er veel vrolijk verklede kinderen."

Kaai oerhandigje

Nei in tocht troch de stêd sil boargemaster Buma op it stedshûs de kaai fan Ljouwert oerlangje oan Sinteklaas. "Dat is live te volgen via Facebook", seit Brouwer. Troch de maatregels kin it net barre op it plein sels. "Maar via internet kan iedereen zien hoe in het stadshuis zelf de sleutel wordt overhandigd aan Sinterklaas."
Lennard Geerts sjocht by de yntocht fan Sinteklaas yn Ljouwert