Húsdokters roppe op om besmettingen by har te melden

De Friese Huisartsen Vereniging docht in oprop oan minsken dy't besmet binne mei corona om dat troch te jaan oan har húsdokter. Dy ynformaasje krigen se earder fan de GGD, mar no net mear.
© Omrop Fryslân
Dêrtroch ha de húsdokters folle minder sicht op de coronasituaasje yn har eigen praktyk. En dat kin foar ferfelende situaasjes soargje. "Je wilt graag een overzicht hebben van actuele besmettingen in je praktijk", seit Brent Bearda Bakker fan de Friese Huisartsen Vereniging.
"Mensen gaan ervan uit dat we het weten, maar dat is niet zo. Dan blijkt dat je met een minimale bescherming bij een patiënt langsgaat, terwijl dat met maximale bescherming had gemoeten omdat die persoon besmet blijkt te zijn."

Flater yn systeem

It lanlike systeem is útset nei in ûntwerpflater. Minsken moasten apart foar faksinaasje en test oanjaan oft se akkoart gienen mei it dielen fan ynformaasje mei de húsdokter. Dat privacy no boppe de folkssûnens steld wurdt, begrypt er wol. "Maar ik heb er wel moeite mee."
Hy ropt pasjinten op om troch te jaan as se besmet binne. "Dan kunnen we ze in de gaten houden. Besmette medewerkers kunnen we er niet bij hebben."
It is net dúdlik wannear't it systeem wer wurket.
Brent Bearda Bakker fan de Friese Huisartsen Vereniging