Noordelijk Film Festival: filmprogramma mei trochgean, jûns gjin hoareka

De organisaasje fan it Noardlik Film Festival is bliid dat se trochgean meie mei it fertoanen fan films, mar se fine it ek spitich dat de hoareka earder slute moat.
© LEO Middelsé, Lennard Geerts
Mei in kearnteam seagen se freed fol spanning nei de parsekonferinsje fan demisjonêr premier Rutte. "Ons inhoudelijke programma kan doorgaan zoals gepland en dat is een opluchting", seit Jacqueline Schrijver fan it filmfestival. "De horeca in De Harmonie gaat wel om 20.00 uur dicht, daardoor mis je sfeer. Dat is jammer."

It rekket ús allegear

Hoewol't se bliid binne is der dus ek fertriet. "Collega's van ons ondervinden door de nieuwe maatregels meteen de nare gevolgen. Het raakt ons allemaal. Het enige positieve is dat theaters en bioscopen nu eens een keertje niet als eerste de deuren moeten sluiten, maar dit is voor iedereen weer slecht nieuws."
Yn de foyer fan de Ljouwerter skouboarch prate besikers nei de films mei oare besikers en net elk sit, sa't wol de bedoeling is. "Dat gaan we meer stroomlijnen. Dat ze na het halen van een drankje, voor 20.00 uur, daarna gaan zitten."
© LEO Middelsé, Lennard Geerts
Jacqueline Schrijver