UNIS Flyers spylje sûnder publyk en misse dêrtroch soad ynkomsten

Ien fan de strangere coronamaatregels is dat sportwedstriden de kommende trije wiken sûnder publyk spile wurde moatte. En dat rekket dizze sneontejûn fuortendaliks de iishockeyers fan de UNIS Flyers.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De iishockeyers spylje yn Thialf op It Hearrenfean tsjin Eaters Limburg, mar sûnder publyk op de tribunes.

Ferfelend mar begryplik

"We gean derfan út dat we de earste trije wiken sûnder publyk spylje", seit Pieter Balstra, bestjoerslid fan de UNIS Flyers. "Dat is ferfelend, mar wol begryplik ast sjochst nei de besmettingssifers." Se soenen goed 2.000 minsken yn de hal krije. "Ek omdat de ymportspiler Riku Pitkänen nei lange tiid wer meispylje mei. Dêr komme minsken op ôf, dy wolle him sjen."
De klup mist dêrtroch trije wiken ynkomsten fan kaartferkeap. "Dan hast it oer sa'n fiiftûzen à seistûzen euro."
By it begjin fan corona stie de klup yn de heale finale fan de play-offs, mar dat waard skrast. "En it ôfrûne seizoen ha we fansels ek net spile. Dus de spilers ha oardel jier lang net spylje kinnen en net dwaan kinnen wat har passy is."
Hy hopet dat it nei trije wiken wol wer kin.
Pieter Balstra