Charda Kuipers (GL): 'Fryslân docht net genôch oan klimaatdoelen'

Fryslân docht net genôch om de klimaatdoelen te heljen. Dat seit Charda Kuipers, fraksjefoarsitter fan GrienLinks yn de Provinsjale Steaten. It is neffens har net dúdlik wat de provinsje op it stuit krekt docht en oft dat genôch bydraacht.
© Omrop Fryslân
Op de klimaattop yn Glasgow prate alle lannen mei inoar oer de klimaatkrisis en oer maatregels dy't klimaatferoaring tsjingean moatte. "Ik hoop dat ze wat afspraken willen maken en ook na willen komen. Niet alleen roepen dat er acties nodig zijn, maar ook echt doen", seit de fraksjefoarsitter oer de top.

CO2-útstjit

"De CO2-uitstoot moet gewoon naar beneden", fynt Kuipers. "Dan moet je gewoon afspraken maken over grote multinationals, omdat ze gewoon ongrijpbaar zijn, om te zorgen dat die hun verantwoordelijkheid nemen."
Sy fynt dat op alle nivo's sjoen wurde moat wat oft der mooglik is. "Als we alleen maar roepen dat de klimaatdoelen onhaalbaar zijn, dan blijven ze dat ook. We moeten kijken wat kunnen op kleine schaal doen, Nederland moet op landelijke schaal kijken wat we kunnen doen, in Europa gebeurt van alles en wereldwijd moeten we elkaar vasthouden."

Fryslân docht net genôch

Kuipers is der net wis fan oft Fryslân wol genôch docht om de klimaatdoelen te heljen. "Ik vind van niet, maar ik kan het niet helemaal inschatten, omdat het niet duidelijk is wat wij als provincie nu precies doen."
Charda Kuipers wit net oft de provinsje wol genôch docht:
En dat feroaret foarearst ek noch net. Earst takom jier sil dúdlik wurde oft de provinsje genôch docht. "We hebben wat doelen gesteld. Maar de nulmeting komt pas volgend jaar, dan weten we pas hoe we ervoor staan."
En dat wylst 't guon doelen, lykas it drastysk werombringen fan de útstjit fan broeikasgassen, al foar 2030 helle wurde moatte. "Dat blijft wel een utopie als we niet bereid zijn om verder te kijken en om grote stappen te nemen. We zitten hier met windenergie, dat willen we eigenlijk niet. Windpark Friesland neemt wel een grote hap voor zijn rekening in de RES 2.0."

Taak foar de provinsje en it Ryk

Alle lytse bytsjes helpe, seit Kuipers. "Het huis isoleren, zonnepanelen. Zorgen dat we de kachel wat lager zetten. Dat zijn kleine dingen die we kunnen doen."
"Maar niet iedereen kan zonnepanelen op z'n dak leggen en niet iedereen heeft de middelen om z'n huis te isoleren." En dêr leit neffens har de taak foar de provinsje: "Daar kunnen we als provincie prima op inspelen, door ervoor te zorgen dat voor mensen voor wie dat niet bereikbaar is, dat wel kunnen doen. Dat is een win-win situatie."
Oan de oare kant leit de ferantwurdlikens net allinnich by de provinsje. Uteinlik is Fryslân ek ôfhinklik fan wat yn Den Haag besletten wurdt. "Het rijk gaat erover. Hetzelfde als nu, afgelopen woensdag wilden we eigenlijk de doelstellingen voor Fryslân ophogen, maar daarin zijn we ook afhankelijk van het nieuwe kabinetsbeleid. Dat duurt en duurt maar."
Charda Kuipers sjocht yn coronabelied parallel mei klimaatbelied:
Njonken mei it klimaat, hat de polityk it ek drok mei it bestriden fan corona. De nije maatregels dy't it kabinet ôfkundige hat, moatte foarkomme dat de besmettingen noch fierder oprinne.
Het is gewoon van alles een beetje, een onsamenhangend geheel.
Charda Kuipers, Steatelid GrienLinks
Oft dit de maatregels binne wêrmei't we de striid tsjin corona winne, wit Kuipers net: "Ik hoop het wel, ik vrees van niet. Misschien is het wel een parallel met de klimaataanpak, het is gewoon van alles een beetje, een onsamenhangend geheel."
Ien fan de maatregels is dat de hoareka om acht oere jûns de doarren slute moat. Guon saken ha oanjûn har net oan de nije slutingstiid hâlde te wollen. "Ik snap heel goed waarom ze het er ook moeilijk mee hebben. Als er uiteindelijk maatregelen komen, vind ik wel dat we ons eraan moeten houden."
De oare maatregel, dy't oer twa wiken op bepaalde plakken yngean sil, is de saneamde 2G-regel. Dat betsjut dat allinne minsken dy't faksinearre binne of corona trochmakke ha in QR-koade krije.
"De samenhang ontgaat me af en toe", seit Kuipers oer de maatregelen:
"Zij moeten kunnen uitleggen waarom ze die maatregelen nemen. Die moet je met elkaar rijmen, en ik kan dat eerlijk gezegd niet helemaal." En dat sjocht se ek werom yn de maatskippij: "De hele samenleving is een beetje aan het verscheuren en niemand weet wat er allemaal gebeurt. We durven niet eens te erkennen wat nu de problemen zijn."
Sy tinkt dat de oarsaak fan it hieltyd legere betrouwen yn de oerheid en it neffens har net gearhingjende belied net allinnich mei corona te krijen hat. "Ik denk dat een probleem is dat we in de zorg nu met grote tekorten kampen en dat het probleem niet alleen is dat er nu te veel corona is. Er zijn gewoon al te weinig IC bedden."
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Charda Kuipers.
Njonken de soarch, binne der neffens har ek problemen yn it ûnderwiis. "Hoe kunnen we verwachten dat mensen prima kunnen zien of informatie klopt, hoe je moet omgaan met desinformatie? Als we dat niet aan onze kinderen leren, hoe je dan verwachten dat iedereen zelfredzaam is?"
Nettsjinsteande dy problemen, fynt Kuipers it gjin minne tiid om yn de polityk te sitten. Polityk is op it stuit in útdaging, fynt se. "Er moet iets gebeuren, en om je daarmee te bemoeien en daar iets in te bereiken, daarom ga ik door."
© Omrop Fryslân