Boargemaster Buma oer nije lockdown: grutte klap foar festivals dizze moanne

De no oankundige lockdown is in grutte klap foar de festivals dizze moanne. Guon kinne net trochgean, oaren moatte oanpast wurde. Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert en foarsitter fan de Veiligheidsregio Fryslân sjocht kwealik mooglikheden foar de organisatoaren.
"Hier zit niemand op te wachten"
"Hier zit niemand op te wachten", seit Buma. "Het aantal besmettingen is te hoog dus er moet iets gedaan worden. Anders wordt de druk in de ziekenhuizen, op de IC's te groot."
Op it stuit steane tal fan festiviteiten op de aginda yn Ljouwert. Dy krije restriksjes of moatte útsteld of skrast wurde: "Placeren kan nog wel. Dan heb je het over film en theater. Maar een feest als 'Hemels' zoals dat zaterdagavond georganiseerd wordt kan niet. 's Avonds kan dat niet meer doorgaan. Dat is echt pijnlijk voor de bedrijven."
Neffens Buma is it ynfieren fan maatregels de iennige wize om de fersprieding fan it firus tsjin te gean. It hanthavenjen fan de nije regels bliuwt dreech: "Er ligt een grote verantwoordelijkheid bij de mensen zelf. Houd je je aan de maatregelen dan verspreid het virus minder. Dan kunnen we er uit komen na drie weken en dan kijken naar de invoering van 2G en 3G."

2G en 3G

2G hâldt yn dat je allinnich in QR-koade krije as je of 'Genezen' of 'Gevaccineerd' binne. By 3G komt dêr 'Getest' by. Dat kin konsekwinsjes ha foar it bedriuwslibben. Dy kinne aansens kieze tusken 2G en 3G.
Dêr is hanthavening net maklik, seit Buma. "De eerste verantwoordelijkheid ligt echt bij de mensen zelf. Maar laat je vaccineren. Dat helpt echt. Niet vaccineren heeft consequenties."