Liveblog | 13 novimber 2021

Hoareka Ljouwert dochs ticht | Explore the North skrast

Yn dit liveblog melde we al it Fryske nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 14 novimber 2021, 08:50
sneon 13 novimber 2021
23:01

Oant safier

We slute dit liveblog ôf. Tank foar it folgjen. Moarnier starte we in nij liveblog op!
22:55

ME yn aksje yn de Ljouwerter binnenstêd

De sfear yn de Ljouwerter binnenstêd sloech sneontejûn om. Dêr't de jûn begûn mei gesang en muzyk, moast letter de ME yn aksje komme by it Saailân. Der is mei fjoerwurk en bierfleskes op plysjeminsken en de ME smiten. In groep wegere it sintrum te ferlitten.
De sfear is omslein yn Ljouwert:
22:20

Explore the North giet net mear troch

It Ljouwerter stedsfestival Explore the North giet net troch. De organisaasje sjocht gjin mooglikheid om fan 19-21 novimber it festival te hâlden mei de nije coronamaatregels. "Hoe graag we ook anders zouden willen", sa skriuwt de organisaasje. "We vinden het echt enorm verdrietig." Takom jier moat Explore the North wol wer trochgean, is de bedoeling.
De organisaasje skriuwt yn in ferklearring: "We willen onze bezoekers en artiesten een Explore-waardig programma kunnen bieden, divers en kwalitatief hoogstaand en met het echte Explore the North-gevoel waarin we elkaar in een intieme setting ontmoeten. Die puzzel kunnen we op deze korte termijn echt niet meer leggen, een groot deel van het programma en een aantal locaties valt door de beperkingen weg. Daarnaast ligt het in de lijn der verwachtingen dat de besmettingen komende week nog gaan stijgen, waardoor het zowel voor bezoekers als artiesten en organisatie waarschijnlijk niet meer goed gaat voelen om elkaar te ontmoeten."
21:12

Kloften jongelju yn Ljouwert stypje de hoareka

Yn de omkriten fan it Ruterskertier en it Saailân yn Ljouwert is in soad jongerein byinoar kaam. Der wurdt songen en dronken op de treppen fan it gerjochtshôf. "Sa wolle wy it eltse jûn wol hawwe", seit Ton Eijer, foarsitter fan Koninklijke Horeca Nederland yn Ljouwert.
"Wy wolle eins noch wol troch mei it feest, mar it sit der efkes net yn", jout Eijer oan. "It is ek wol oankaam yn Den Haag. Ik beskôgje it net as in ferlies."
Jongelju op de treppen fan it gerjochtshôf © Omrop Fryslân
20:14

Aris spilet snein net

Basketbalklup Aris hat de útwedstriid fan snein tsjin Yoast United útsteld fanwegen de nije coronamaatregels. Yn de BNXT League is ôfpraat dat klups dy't thús spylje sels bepale meie oft de wedstriid spile of ferskood wurde moat.
20:02

De krystmerk yn de Ljouwerter Blokhúspoarte is skrast