Earste gedicht fan de nije Dichter fan Fryslân: 'Trui'

13 nov 2021 - 07:01

Sigrid Kingma is de nije Dichter fan Fryslân. 'Trui' is har earste fers. Se helle har ynspiraasje út de heger wurdende gasprizen.

Sigrid Kingma - Foto: Dichter fan Fryslân, Reyer Boxem

Trui

Hoe komt in út de klaai woeksen folk
foarút oars as baggerjend
mienskip smakket smoarger mar
wy wienen net immer einzelgängers
tsjûge de twaris ferhuze ferieningstrui
achter yn de kast.

In âlde wyn blaast:
'Sels de broek ophâlde
nimmen dy't de riem straklûkt
striemen fan bemuoisucht waskest der
net ôf en oanmetten swimbantsjes
leare dy gjin skoalslach.'
It is de wrâldferskjinjende selsstandige
dy't ús nachts út 'e sliep hâldt.

Yn in trui fan in deade klup
soenen wy sa de krisis út stappe wolle.
Hjir bin ik wer!
Dat de fertroude waarmte noch past
skeelt rom in graad oan gas.

Mar wy wolle wat nijs
in frisse wyn en ferwaarme terras
de trui komt werom yn de kast.

It projekt 'Dichter fan Fryslân' is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. It wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy.

Mear ynformaasje oer de Dichter fan Fryslân is te finen op de webside dichterfanfryslan.nl. Sigrid Kingma is de tredde Dichter fan Fryslân. De earste wie Eeltsje Hettinga, dy't foar syn wurk de Gysbert Japicxpriis krige en dêrnei wie Nyk de Vries de Dichter fan Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)