Feyenoordfroulju te sterk foar sc Hearrenfean en foar Libertas

It frouljusteam fan Sportklup Hearrenfean hat tsjin Feyenoord krekt net foar in stunt soarge. De Rotterdammers wûnen mei 1-0 op It Hearrenfean. Foar de Fryske sealfuotbalteams yn de earedivyzje wie der ek gjin sukses.
Kristen McFarland ferliest in kopduel fan Celainy Obispo © Orange Pictures
It tempo lei heech yn de earste helte by sc Hearrenfean - Feyenoord. De besikers waarden benammen fan ôfstân gefaarlik. Ien kear waard sels de latte rekke, mar Hearrenfean helle sûnder skea it skoft op sportpark Skoatterwâld, dêr't freedtejûn noch publyk by wêze mocht.
Nei goed fiif minuten fuotbaljen yn de twadde helte wie it dochs 0-1. Spits Pia Rijsdijk skoarde. De ploech fan Roeland ten Berge besocht it dêrnei wol en Nikée van Dijk waard ek gefaarlik, mar har poging waard tsjinholden troch Jacintha Weimar. Hearrenfean fierde de druk yn de slotfaze op, mar ta goals late it net.
Feyenoord nimt troch de oerwinning de kopposysje oer fan Ajax yn de earedivyzje. Hearrenfean bliuwt op it sânde plak stean.

Sealfuotbal

Yn de earedivyzje fan it sealfuotbal gong in oare Fryske feriening ûnderút tsjin Feyenoord. Libertas út Driezum ferlear mei 5-1 yn Rotterdam.
Foar de sealfuotbalsters fan Drachtster Boys wie der ek gjin sukses. Dy ferlearen yn Zwolle mei 5-3 fan Exstudiantes. It is it earste ferlies foar Drachtster Boys nei seis wedstriden. Koprinner Os Lusitanos hat ien punt mear.