Sigrid Kingma beneamd ta nije Dichter fan Fryslân

12 nov 2021 - 16:29

Sigrid Kingma is beneamd ta de nije 'Dichter fan Fryslân'. Sy is dêrmei de tredde Dichter fan Fryslân. Kingma krijt de titel foar de kommende twa jier.

Sigrid Kingma - Foto: Dichter fan Fryslân, Reyer Boxem

"Ik bin út 'e skroeven oer myn beneaming ", seit Kingma. "De rol fan Dichter fan Fryslân past by myn wurkwize as dichter. Ik sykje poadia op, ha in skerp each foar wat der spilet en stribje der hieltyd nei om út te stiigjen boppen it deistige. De kommende twa jier wol ik ek brûke om poëzy in breder berik te jaan troch keunstfoarmen te kombinearjen."

Sigrid Kingma wurdt presintearre as nije Dichter fan Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Ferslachjouwer Hayo Bootsma wie by de gearkomste yn Ljouwert

De advyskommisje bestie út Annemarie Lindeboom, Cilla Geurtsen en foarsitter Tsead Bruinja. Deputearre Sietske Poepjes makke de nije Dichter fan Fryslân offisjeel bekend yn de Westerkerk yn Ljouwert.

Ofskied Nyk de Vries

Tagelyk wie ek it ôfskied fan Nyk de Vries, dy't de lêste twa jier Dichter fan Fryslân wie. Dêrby is syn nije dichtbondel Asman presintearre, mei dêryn al syn Dichter fan Fryslân-gedichten.

De earste Dichter fan Fryslân wie Eeltsje Hettinga, dy't foar syn fersen de Gysbert Japicxpriis takend krige.

Kingma (32) komt fan Drachten en is bekend wurden om har foardrachten, gedichten en oare literêre bydragen. Yn 2016 publisearre se har earste bondel Reade triedleas, dy't twatalich Frysk-Ingelsk is.

Mear omtinken foar poëzy

It projekt 'Dichter fan Fryslân' is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. It wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy.

Mear ynformaasje oer de Dichter fan Fryslân is te finen op de webside dichterfanfryslan.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)