Ljouwerter hoareka tinkt oan oerhearrigens: "It hâldt in kear op"

De Ljouwerter hoareka sil sneon mooglik nei 19.00 oere ek iepen bliuwe. Yn de parsekonferinsje sil freed nei alle gedachten bekend makke wurde dat de hoareka earder ticht moat, mar guon saken sille harren dêr mooglik net oan hâlde.
Ton Eijer fan Scooters. Hy is ek foarsitter fan Koninklijke Horeca Nederland, ôfdieling Ljouwert. © LEO Middelsé, Lennard Geerts
"We kinne fansels net oproppe ta oerhearrigens, mar it is foar ûndernimmers sels te witten wat se dogge", seit Ton Eijer, foarsitter fan KHN Ljouwert.
Hoefolle saken de doarren iepen hâlde sille is net dúdlik. "Der wurdt sjoen wa't sizze, wy gean net ticht om sân oere. Dat besykje wy no te ynventarisearjen." Guon saken sille in sinjaal ôfjaan wolle, tinkt Eijer. "It is net te ferkeapjen, miskien gean in soad saken moarn om sân oare wol net ticht."

'It hâldt in kear op'

Al mei al is de sektor hielendal klear mei de maatregels, sa seit Eijer. "It hâldt in kear op mei de maatregels. We fine it wol in kear genôch, it hat wol moai west."
"Dit is hiel swier, we ha al hiel lang moannen ticht west en beheinings hân", seit Eijer. "Om tolve oere ticht hâldt al in soad nachthoareka tsjin, it is hiel lestich om op dizze wize te ûndernimmen."
"It is net mear te ferkeapjen, no moatte we minsken miskien wer ûntslaan of fertelle dat der gjin wurk is. It is in swier drama."
Ton Eijer oer de mooglike 'milde lockdown'