De toan fan Nelleke IJssennagger-van der Pluijm: "Hillige gesellichheid"

"'Troostrijke heiligenbeelden gewild in coronatijd' kopte de Ljouwerter Krante ôfrûne tiisdei op de foarside fan it katern Fryslân. Yn it paginagrutte artikel fertelt in samler, op de begeliedende foto te finen tusken syn bylden as is er ien fan harren, oer wêrom't minsken hilligebylden hawwe wolle: nostalgy, in weromkommend fenomeen yn ûnwisse tiden.
Mar de bylden stean ek gesellich yn it ynterieur, seker yn de wintermoannen. It giet dan benammen om wat in byld útstrielet, net om wat it betsjut, wa't it foarstelt of hokker ferhaal je dêrmei yn 'e hûs helje. Dat is opmerklik, want krekt it idee dat der in leauwensdiminsje, in ferhaal efter sit, makket neffens de samler dat de bylden minsken mear oansprekke as ynterieurstik as in faas út in wenwinkel. Mar krekt as by sa'n item út de wenwinkel makket it dan skynber net út, dat de buorfrou krekt itselde byld as dekoraasjestik hawwe kin. Lykas de buorlju dêr wer njonken.
It ynterview mei de samler is nei oanlieding fan de tsiende edysje fan 'de grutste beurs fan religieuze foarwerpen yn Nederlân', dy't dit wykein plakhat yn Jorwert. God mei dan ferdwûn wêze út Jorwert, sa't Geert Mak beskreau, mar hilligen sammelje har der graach. Sy dogge dat yn de Redbadtsjerke, yn de wike fan de nammedei fan St. Willibrord, dêr't we krekt St. Marten yn fierd hawwe en it Sinteklaassjoernaal wer begûn is. Miskien dat it om dat lêste is, dat de beurs foaral oanpriizge wurdt as 'sfearfol en gesellich'. Blykber binne hillich en profaan hielendal net sa ferskillend, neat hillichs is minsken frjemd.
Foar histoarisy binne de yn byld fongen hilligen yn alle gefallen gewoan minsken út it ferline mei in bysûnder ferhaal dat op skrift steld is. Dat ferhaal is al of net oanslein, en foaral behoarlik oantsjoend.
Nim de neamde St. Willibrord, Apostel der Friezen en patroanhillige fan Nederlân, dy't yn de lette sânde iuw nei Frisia kaam om de Friezen te bekearen. As wy de ferslachjouwers fan dy tiid - Alcuin, Beda, Bonifatius - leauwe meie, hold Willibrord absolút net fan bylden. Sterker noch, sa gau as er in byld seach fan in pre-Kristlike godheid, woe er neat leaver as it stik meitsje. Op it eilân Walcheren smiet er in ôfgodsbyld oan diggels, om syn gelyk te krijen yn de welles-nieten oer it bestean fan god. En op it eilân Fosite rekket Willibrord mei de Fryske kening Redbad ferwikkelet yn in rige fan pesterijen dy't it bêste te omskriuwen is as " ja, mar hy begûn". Neat minskliks is hilligen frjemd.
Dizze wolbekende kening Redbad is trouwens net de nammejouwer fan de Jorwertse Redbadtsjerke. Dat is in Utrechtske biskop dy't ôf liket te stammen fan de heidenske Redbad, en dy't foaral namme makke as skriuwer en no jildt as patroanhillige fan de wittenskip.
Sa binne wy dochs wer werom yn Jorwert, by de byldebeurs en by de wittenskip. Hillich en profaan binne blykber net sa ferskillend, mar de minske is paradoksaal en libbet konstant mei tsjinstellingen. It idee datst mei in hilligebyld wat betsjuttend yn 'e hûs hellest is bygelyks noflik, mar úteinlik docht bliken dat it uterlik trochslach jout. It imago telt, by bylden en by minsken.
Giet it ús allinnich om de bûtenkant of om de namme? Binne wy sa oerflakkich? Dat tink ik net. Moatst dan de krekte betsjutting fan wat kenne of dy ûnderskriuwe, foardatst wat oansprekkend fynst? Wat my oanbelanget ek net. As wy inoars bylden en fazen mar hiel litte. Dat hâldt it gesellich, en gesellichheid is hillich."