IM easket selstraf tsjin man (35) foar ûntucht mei minderjierrich skoansuske

It Iepenbier Ministearje hat in selstraf fan achttjin moannen, wêrfan seis ûnder betingst, easke tsjin in 35-jierrige Westereender. De man soe in pear jier lang ûntucht plege hawwe mei syn minderjierrige skoansuske.
De rjochtseal yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De ûntucht soe yn it begjin fan 2017 begûn wêze. Earst gie dat mei wurden, mei seksuele taspilingen yn chatberjochten, letter soe de Westereender hieltyd fierder gien wêze. Hy soe it famke ferskate kearen betaast hawwe. Ien kear hat er in foto fan syn geslachtsdiel stjoerd.
Allinnich dat lêste bekende de man, fan de oare oantigings sei er dat dy mooglik út jaloezy dien wiene.

Nichtsje beskermje

Fan de chatberjochten binne de measten wist. Neffens it famke moast dat fan de fertochte. Dy beweart dat it famke woe dat de berjochten wist waarden, om foar te kommen dat har sus, de (eks-)partner fan de fertochte, derefter komme soe. Ein 2019 fertelde it famke wat der bard wêze soe.
Se woe har jongere nichtsje beskermje, dy't de leeftiid krige wêrop't it by har begûn wie. It famke is yn terapy, se rûn ûnder mear PTSS op. De fertochte is ek yn behanneling, mar hy fynt sels dat der neat mei him oan de hân is.

Eardere terapy

De man is as 17-jierrige ek al feroardiele foar in sededelikt. Doe moast er ek yn behanneling. Dat in eardere behanneling net holpen hat, neamde de offisier fan justysje in "zorgelijk gegeven". De offisier fûn it "erg kwalijk" dat de man it famke yn in kwea deiljocht besocht te setten.
De rjochtbank docht op 25 novimber útspraak.