Spanning by hegeskoalle Van Hall Larenstein om earste fysike iepen dei

By Van Hall Larenstein sjogge se freedtejûn mei spanning nei de parsekonferinsje fan it regear oer de nije coronamaatregels. De hegeskoalle soe sneon de earste fysike iepen dei sûnt de útbraak fan it coronafirus hâlde.
© Omrop Fryslân
"We kijken er ontzettend naar uit", seit Judith van den Hul fan de hegeskoalle. "Maar het is wel spannend." Troch de mooglike nije maatregels is it noch ûndúdlik oft de iepen dei trochgean kin.
De skoalle hat wol alfêst sels maatregels troffen, foar as de iepen dei wol trochgean kin. "Dat vraagt wel veel meer voorbereiding, omdat we de bezoekers willen spreiden. Dat heeft wel de nodige voeten in de aarde gehad", seit Van den Hul.

700 ynteressearren

De ferwachting fan de skoalle is dat der sa'n 700 ynteressearre minsken komme, en dy meie dan allegearre ek noch ien begelieder meinimme.
"Zij treffen dan superblije mensen die echt dolblij zijn om potentiële studenten en hun ouders te kunnen ontvangen en rond te leiden, en te laten zien hoe fantastisch de hogeschool is", seit Van den Hul.
De parsekonferinsje fan it regear oer de nije coronamaatregels begjint freedtejûn om 19.00 oere.
Judith van den Hul fan Van Hall Larenstein