Brêge oer Het Spoordok yn Snits iepene mei lampkes, in draak en in seemearmin

Mei in spannende striid tusken in draak en in seemearmin is tongersdeitejûn de nije brêge oer Het Spoordok yn Snits iepene. Der wurdt al jierren aksjefierd, om't it gebiet driget ticht te slykjen, en ek de iepening fan de nije brêge waard brûkt om de striid foar it fuotljocht te heljen.
© Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
Om seis oere stean der tsientallen bern mei in lampiontsje by de nije brêge. Sy krije it ferhaal te hearren fan in gefaarlike draak dy't yn Het Spoordok libbet. Hy kin allinnich mar troch in seemearmin tsjinholden wurde.

Fjoerspuiende draak

Bauke Faber, dy't tongersdeitejûn yn in boatsje op it wetter al fjoerspuiend de draak spilet, besiket út namme fan de Stichting Wijkbelangen Hemdijk Sneek al jierren om wat oan it gebiet te dwaan.
"Der moat hjir wat barre, oars slibbet it hjir ticht. We hiene graach hân dat tagelyk mei de brêge ek it gebiet oanpakt wie. Mar allinnich de nije brêge hat al trije jier duorre. Dêrom wolle wy dat ProRail, de gemeente, it Wetterskip en de provinsje de koppen byinoar stekke, sadat Het Spoordok der wer hûndert jier tsjinoan kin."
Het Spoordok is yn de jierren 1880 ûntstien, doe't de spoarline tusken Ljouwert en Starum oanlein waard. Der waard grûn ôfgroeven foar de oanlis, dêrtroch ûntstie der in stedsmarke. Der hat ek in swimbad by lein, mar nei de sluting dêrfan yn 1937 ûntwikkele Het Spoordok him mear ta in griene sône.
Nei jierren sûnder ûnderhâld sliket it gebiet stadichoan ticht: it reid groeit tefolle, it wetter komt te heech, beammen falle om en dûkers binne ferstoppe. Neffens de Stichting Wijkbelangen Hemdijk Sneek moat der in grut plan komme om wer wat streaming yn it gebiet te krijen.
Neffens Faber is it in wichtich natuergebiet: "It gebiet hat in saneamde korridor-funksje. It ferbynt stikken natuer bûten de stêd mei-inoar. Bûten de stêd kin der in soad, mar binnen de stêd jilde oare regels. De potsjes jild binne dan lestiger te finen, liket it wol. As der neat bart, sille der hjir in soad bisten ferdwine. Ekologysk hat it hjir in hege standert."

Taskforce

Undertusken hat de seemearmin de draak by de brêge fuortjage. Alle bern dy't mei harren lampion de striid oansjoen ha, meie wat snobbersguod pakke út de skatkiste fan de draak, dy't efterbleaun is.
Faber hopet dat der in 'taskforce' ta stân komme kin om Het Spoordok yn stân te hâlden. Oant dy tiid sil hy, as in echte draak, striden bliuwe. "It is hiel wichtich dat it hjir syn funksje behâldt, want oars bliuwt der allinnich mar in draak oer dy't wat troch it reid rint, op syk nei de seemearmin."