Unike filmbylden opdûkt fan de moskee yn kamp Wyldemerk by Balk

Der binne âlde filmbylden opdûkt fan de eardere moskee yn it kamp Wyldemerk by Balk. De bylden binne te sjen yn FryslânDOK Wêrom net nei Wyldemerk?, dy't tongersdei yn premjêre gie op it Noordelijk Film Festival.
Filmbylden fan minsken by de moskee yn Wyldemerk © Fries Film Archief
FryslânDOK-programmamakker Anne van Slageren krige de swartwytfilm yn brûklien fan Ghani van den Bergh, dy't de film út in famyljeneilittenskip yn behear hat. By de premjêre op it Noordelijk Film Festival binne de bylden oanbean oan Syds Wiersma fan it Fries Film en Audio Archief.

Kamp Wyldemerk

De measten fan de tûzenen Molukkers dy't begjin jierren fyftich nei Nederlân kamen, wiene kristlik. It gie om eardere KNIL-militêren mei har húshâldingen. Der wie in moslimminderheid fan sa'n 80 húshâldens. Under de Molukkers yn kamp Schattenberg in Drinte, better bekend as it earder kamp Westerbork, wiene 30 moslimhúshâldens.
Foar dizze groep waard yn Súdwest-Fryslân in eigen kamp oprjochte: Wyldemerk, by Balk. Yn 1956 waard der in moskee boud.
Moskee yn kamp Wyldemerk © Omrop Fryslân
De moskee yn Wyldemerk wie de twadde fan Nederlân, mar de earste echt nijboude moskee mei in minaret derneist. It swart-wyt filmke lit de moskee fan binnen sjen, mei minsken yn gebed.

Ungewoan byld bewarre bleaun

De bûtenkant is ek filme, ynklusyf de glimmende minaret. Anne van Slageren: "Het is een ongewoon beeld in het Friesland van die jaren: biddende moslims in een Molukse moskee in Gaasterland. Bijzonder dat iemand daar toen een film maakte en dat die bewaard is gebleven."
Minsken yn gebed yn de moskee fan Wyldemerk © Fries Film Archief
Spitigernôch is der ek in part ferlern gien, fertelt Ghani van den Bergh. Syn frou Soer groeide op yn kamp Wyldemerk. Har omke Abdul Karim Oppier is de makker fan de film.

Ferbaarnde film

Van den Bergh: "Toen oom Oppier overleed in 1987, vonden we tussen de spullen een projector en deze film. De kinderen gingen de film afspelen op de projector, maar die haperde steeds. En elke keer als hij vastliep, verbrandde er een stukje film. De kinderen hadden er veel plezier om, maar wij hebben 'm er toen gauw uitgehaald."
De skansearre film is troch dokumintêremakker Lani Ohorella, sels berne yn Wyldemerk, sa goed mooglik opknapt. Yn syn dokumintêre Een kampong in Friesland út 1995 hat hy mar inkele shots brûkt. De film rekke ferjitten, oant koartlyn Anne van Slageren belangstelling toande en de bylden brûke woe.
Moluksk kamp Wyldemerk mei bern foar de moskee © Omrop Fryslân
De film Wêrom net nei Wyldemerk? fan regisseur Van Slageren giet oer de persoanlike syktocht fan de 32-jierrige Nikki Manuputty nei har Molukske skiednis. Har heit en pake en beppe hearden by de moslimfamyljes yn Schattenberg. Mar doe't dizze groep nei it kamp Wyldemerk ferhúzje koe, woe de pake fan Nikki beslist net mei.
Nikki Manuputty mei har heit © Omrop Fryslân
Hy bleau as iennichste moslim mei syn húshâlding yn Schattenberg. Foar Nikki, bern fan de folgjende generaasje, hat dat beslút gefolgen. Yn de film besiket sy te efterheljen wat har pake beweegd hat. Sy wol ek witte oft har eigen gefoelens fan útsluting en 'der net by hearre' dêr mei te krijen hawwe.
Wêrom net nei Wyldemerk? is op 4 en 5 desimber ek te sjen op telefyzje, by NPO2 en by Omrop Fryslân.