Rekôrtal coronabesmettingen sûnt begjin pandemy: RIVM meldt 668 nije gefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 668 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 221 mear as woansdei. Doe waarden 447 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Oant hjoed wie it heechste tal besmettingen dat op ien dei registrearre wie, 538. Dat wie ôfrûne sneon it gefal.
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 509 besmettingen meld yn Fryslân. Woansdei lei dat trochsneed op 460, in wike lyn op 279.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne wol fjouwer Fryske pasjinten mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Súdwest-Fryslân, Hearrenfean, Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 16.364. It trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 12.339.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.