Wurkstraf en rydûntsizzing easke tsjin drankrider fan Noardwâlde

Tsjin in 55-jierrige ynwenster fan Noardwâlde is 150 oeren wurkstraf en in jier rydûntsizzing easke. De frou botste yn septimber ferline jier tsjin in oare auto oan yn Noardwâlde. De frou hie hast fiif kear safolle alkohol dronken as dat mocht.
Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De ynsitters fan beide auto's rekken by de botsing ferwûne. In slachtoffer fan 20 jier hie meardere bonken brutsen en in slachtoffer fan 14 hie ferskate kniezingen. De 55-jierrige frou hat oanjûn neat mear fan it ûngelok te witten. Sy is yn 2010 al ris earder feroardiele foar it riden ûnder ynfloed. Ein dizze moanne docht de rjochter útspraak.