'Global Responsibility and Leadership' fan Campus Fryslân bêste bachelor

De bachelor 'Global Responsibility and Leadership' fan Campus Fryslân is troch de Keuzegids Universiteiten ferkeazen ta bêste bacheloroplieding fan Nederlân. De stúdzje krige 94 punten. Boppe de 75 punten jildt al dat it in 'topoplieding' is.
RUG / Campus Fryslân © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De gids is bedoeld foar learlingen en dekanen dy't har oriïntearje wolle op universitêre bacheloropliedingen. Elts jier wurde de opliedingen beoardiele op de dosinten en it ûnderwiisprogramma.
Mei de bachelor moat in nije generaasje lieders oplaat wurde om ynnovative oplossingen te finen foar wrâldproblemen. Studinten ferdjipje har yn ûnderwerpen as polityk, psychology en ekonomy.
Programmadirekteur Indira van der Zande fan Campus Fryslân