Trije kear in FryslânDOK yn premjêre op Noordelijk Film Festival
Trije FryslânDOKs mei as tema 'famylje' geane op tongersdei 11 novimber yn premjêre op it Noordelijk Filmfestival. It binne Ferdinand, the Happy Pathmaker fan Hannah Swart, Wêrom net nei Wyldemerk? fan Anne van Slageren en Nearne thús fan Annet Huisman.
Ferdinand, the Happy Pathmaker
Nei in swalkjend bestean oer de wrâld krijt Ferdinand ynienen in harsenynfarkt. Hy komt te wenjen yn de húshâlding fan syn broer yn Fryslân, dêr't hy refalidearje kin.
Syn dokter seit dat er 24 oeren deis soarch nedich hat. Sels tinkt Ferdinand dêr hiel oars oer. Syn nichtsje Hannah Swart (1999) pakt har filmkamera en beslút alles te filmjen. It wurdt in spannend proses, foar har frijheidsleavjende omke en foar de hiele famylje.
Wêrom net nei Wyldemerk?
In film fan regisseur Anne van Slageren oer in persoanlike syktocht fan in jonge frou nei har Molukske famyljeskiednis. De measte Molukkers dy't yn de jierren fyftich nei Nederlân kamen, wiene kristlik.
Foar de moslimfamyljes waard yn Súdwest Fryslân in eigen kamp oprjochte: Wyldemerk. Mar it moslimgesin Manuputty woe dêr net hinne en bleau efter yn Drinte. Nikki Manuputty (1989) besiket de ynfloed fan dat beslút in plak te jaan yn har libben, en yn dat fan har famylje.
Nearne thús
It Joadske jonkje Joseph Schijveschuurder moat yn de oarloch ûnderdûke. Hy fynt in waarm thús by de famylje Venema yn Boalsert. Mar nei de oarloch wurdt er dêr weihelle. Joseph rekket traumatisearre en fielt him ferdreaun, ek yn syn lettere libben.
Syn soan ûntdekt yn it argyf fan de Commissie Oorlogspleegkinderen weardefolle dokuminten oer de ûnderdûkskiednis fan syn heit. Dizze film fan Annet Huisman hat yn in koartere ferzje diel útmakke fan de FryslânDOK TV-searje Smokkelbern.
De FryslânDOKs binne ek op telefyzje te sjen by NPO2 en Omrop Fryslân. Wêrom net nei Wyldemerk? komt op 4 en 5 desimber op telefyzje. De film Ferdinand, the Happy Pathmaker is op 18 en 19 desimber te sjen. Annet Huismans dokumintêre Nearne thús wie op 1 en 2 maaie 2021 (yn in ferkoarte ferzje) al op telefyzje.