Liveblog | 11 novimber 2021

Coronanijs 11 novimber: Rekôrtal nije coronabesmettingen | Reguliere soarch fierder ôfskaald

We melde nijs oer it coronafirus yn Fryslân.
Lêst bywurke: 12 novimber 2021, 15:05
tongersdei 11 novimber 2021
21:57

Ein fan dit liveblog

Hjirmei komme we oan de ein fan dit liveblog fan tongersdei 11 novimber. Moarn is der wer in nij liveblog.
21:05

ROAZ-foarsitter foarsjocht swart senario

As de rappe groei fan it tal coronagefallen oanhâldt, foarsjocht Ate van der Zee, sikehûsbestjoerder en foarsitter fan it ROAZ, in swart senario.
"Als het in dit tempo doorgaat met het aantal besmettingen die stijgen en ook de opnames in het ziekenhuis, dan kom je uiteindelijk in een zwart scenario uit", seit Van der Zee fan it Regionaal Overleg Acute Zorgketen. "Wanneer dat dan is, is heel moeilijk te zeggen, maar dan heb je het over weken."
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Neffens Van der Zee kinne de noardlike sikehuzen de pasjintestream no noch oan, mar benammen oer de ICs hat hy noed. "Als het op deze manier doorgaat, kunnen ze het op termijn natuurlijk niet meer aan."
19:17

Yn sa'n 3 fan de 10 gefallen wurdt 'setting fan besmetting' fûn; foaral besmetting yn thússituaasjes

Yn in soad gefallen slagget it net om der efter te kommen hoe't immen it coronafirus krigen hat. De GGD kin yn likernôch 3 fan de 10 gefallen efterhelje wat de 'setting fan besmetting' wie.
Faaks giet it om de thússituaasje: alle wiken wurdt likernôch de helte fan de besmettingen thús oprûn. Sa'n 10 oant 20 persint fan de besmettingen ûntstiet troch in besite oan in oar hûshâlden.
18:50

Bûtenpost - Berkum giet net troch

De oplibbing fan it coronafirus hat ek konsekwinsjes foar de sport: sa is de haadklassewedstriid tusken Bûtenpost en Berkum fan 16 novimber skrast.
Bûtenpost wûn ôfrûne wykein noch fan ONS Snits © Orange Pictures
18:20

'Boosterprik foar jonge minsken moat der earder komme'

Jonge minsken mei in kwetsbere sûnens moatte foarrang krije by it útdielen fan de boosterprikken, fynt de Patiëntenfederatie Nederland. De organisaasje is benaud dat in soad minsken mei in beheining of groanyske oandwaning oars earst wachtsje moatte oant minsken ûnder de 60 foar de tredde kear in prik krigen ha.
Ek V&VN, de beropsferiening fan ferpleechkundigen en soarchmeiwurkers, wol dat it kabinet hurder yngrypt en net langer wachtet mei de boosterprik. Sy fine dat de prik dizze moanne al oanbean wurde moat oan soarchmeiwurkers.
17:44

Prik helje yn doarpshûs

De GGD Fryslân is op hieltyd mear plakken oanwêzich mei tydlike ynintingsplakken. Dat meldt RTV NOF. Minsken dy't noch net yninte binne, kinne dêr sûnder ôfspraak delkomme. Wol in identiteitsbewiis en in mûlekapke meinimme. It faksin dat se krije, is Pfizer en it is fergees.
© RTV NOF
Yn Noardeast-Fryslân komme twa nije tydlike prikpakken: yn doarpshûs De Mienskip yn Feanwâlden op 16, 22 en 30 novimber en yn De Nije Warf yn Wâlterswâld op 24 novimber.