Ellia Smeding wol mei de Spelen reedriden op 'e kaart sette yn Grut-Brittannië

It binne de wiken fan de wierheid foar Ellia Smeding. De Ingelsk-Fryske reedrydster moat har yn de kommende fjouwer wrâldbekerwedstriden kwalifisearje foar de Olympyske Spelen.
Ellia Smeding makket har yn Fryslân klear foar de wrâldbekers
Reedride docht Smeding lykwols net foar Nederlân, mar foar Grut-Brittannië. Se is nammentlik berne yn Ingelân, yn in plakje flak by Londen. Dêr groeide se op, oant se op har achtste mei har âlden nei Fryslân ferhuze.
Se wennet no al fyftjin jier yn Fryslân en hjir begûn se as lyts famke mei reedriden. By de Ferwerter IIsklup, om krekt te wêzen. "Op een gegeven moment wilde de Britse schaatsbond met mij kennismaken, omdat ze wisten dat ik Engels was. Toen vroegen ze of ik juniorwereldbekers wilde rijden."

Great Britain

Smeding hapte ta, waard better en better en nei't se har by Team FrySk oansleaten hie, begûn se ek senioarewrâldbekers foar Ingelân. Se fielt har like Nederlânsk as Ingelsk, mar is wol grutsk dat se foar har heitelân ride mei. "Het betekent heel veel voor me dat er 'Great Britain' op mijn rug staat. Dat vind ik heel gaaf", fertelt de 23-jierrige reedrydster.
© Orange Pictures
Dy kwalifisearje foar de Olympyske Spelen is foar Nederlânske reedriders tige swier, om't der in soad konkurrinsje is. Yn Grut-Brittannië is dat oars, om't der hast gjin oare riders binne. Dochs betsjut dat net dat Smeding har samar efkes pleatse sil foar de Olympyske Spelen yn febrewaris.
Smeding leit út wat se helje moat om foar har favorite ôfstannen, de 1.000 en de 1.500 meter, in startbewiis foar de Spelen te heljen: "Ik moet voldoen aan kwalificatietijden vanuit Engeland. Daarbovenop moet je op een geschoonde ranglijst bij de top 30 staan na de wereldbekers."

Rapste tiid

It wurdt allinnich noch krekt wat yngewikkelder. Want de earste fyftjin fan dy tritich pleatse harren op basis fan it klassemint fan de wrâldbekers. Mar, om't Smeding benammen yn de B-groep ride sil, hellet se dêrfoar net genôch punten.
Nei dy earste fyftjin wurdt der sjoen nei hokker fyftjin rydsters de rapste tiid delsette. "Daar moet ik voor strijden, om de snelste tijd neer te zetten", tinkt Smeding. "Ik ben op een niveau dat ik moet strijden met rijdsters uit andere kleine schaatslanden, zoals België en Duitsland."
Coach Siep Hoekstra yn aksje © Orange Pictures
Smeding rydt al jierren by Team FrySk en dat betsjut dat se traind wurdt troch Siep Hoekstra. Hoe sjocht hy nei de kânsen fan syn pupil op pleatsing foar de Spelen? "Se hellet it gewoan." Hoekstra is dúdlik. Hy tinkt dat se de Ingelske kwalifikaasjetiden (1.17,2 op de 1.000 meter en 2.00,0 op de 1.500 meter) ride kin.
"Sjochst har elts jier better wurden", fernimt Hoekstra. "Se begjint technysk better te riden. Se is sterker wurden. Fytstesten binne better wurden en se leveret folle mear kwaliteit yn de trainings", seit de coach fan FrySk. Hy sil by de wrâldbekers yn in read jaske fan Grut-Brittannië op it iis stean, as Smeding ride moat.
Het is mijn grootste droom.
Ellia Smeding oer de Spelen
By de lêste twa wrâldbekerwedstriden yn Calgary en Salt Lake City hat Smeding de grutste kâns om de easke kwalifikaasjetiden te riden, om't dat saneamde heechlânbanen binne. Dy lizze fierder boppe seenivo, wêrtroch't de luchtdruk leger is, der dus minder wjerstân is en der dêrtroch flugger riden wurdt.
As it slagget om dy tiden te riden, sil se yn febrewaris op it Olympyske iis yn Peking meidwaan oan de Spelen. Smeding: "Het is mijn grootste droom. Ik weet nog dat ik in 2008 naar de Zomerspelen van Peking keek. Ik was zo in de ban van de openingsceremonie, dat vond ik zo gaaf." Slagget it ditkear net, jout se de moed net op. "Ik ben nog maar 23, dus als het dit jaar niet lukt, dan hopelijk over vier jaar."
Ellia Smeding yn aksje op it WK ôfstannen yn febrewaris © Martin de Jong
Neist it heljen fan de Olympyske Spelen hat Smeding noch in dream. En dat is reedriden bekender meitsje yn Ingelân. Shorttrack en keunstriden binne iissporten dy't dien wurde yn Ingelân, mar: "Als je het hebt over long track speedskating, dan hebben de mensen geen idee. Ik wil dat mensen in ieder geval weten wat de sport is en wat het inhoudt."

Gjin iisbaan yn Ingelân

Ien fan de oarsaken dat reedriden net dien wurdt yn Ingelân, is dat der gjin 400 meter-banen binne. "Dus als je wilt schaatsen, moet je naar het buitenland. Dat werkt natuurlijk niet. Dat is de belemmerende factor waarom er geen langebaanschaatsen in Engeland is", tinkt Smeding.
Se hopet dêr feroaring yn te bringen troch har te pleatsen foar de Spelen. Neist Smeding binne der noch twa oaren dy't kâns meitsje op in Olympysk ticket. Ien fan dy twa is Cornelius Kersten, de freon fan Smeding. Hy hat ek in Ingelske mem en in Nederlânske heit en rydt ek foar Grut-Brittannië.
Tegearre hoopje se it reedriden op 'e kaart te setten. As se de Spelen helje, is it foar it earst sûnt tritich jier dat der wer in reedrider út Grut-Brittannië meidocht oan de Olympyske Spelen. Craig McNicoll wie yn 1992 de lêste.

In hoop geregel

Sûnt woansdei sitte Smeding-en-dy yn Poalen, dêr't dit wykein de earste wrâldbeker plakfynt. Dêrnei komme se in pear dagen thús om troch te reizgjen nei it Noarske Stavanger foar wrâldbeker nûmer 2.
It brocht de lêste wiken in hoop ekstra drokte mei him mei foar Smeding, om't it Ingelske reedrydbûn gjin ûnderfining hat mei langebaanriden. "Ik moet goed kijken dat alle formulieren zijn ingevuld en dat we goed zijn ingeschreven. Ik moet eigen vluchten en hotels boeken. Daar gaat veel tijd in zitten."
Sa hong se dizze wike noch twa oeren mei in loftfeartsmaatskippij oan de telefoan. "Ik had extra vluchten geboekt en die moesten omgeboekt worden. Dat ging allemaal niet zo vlot", laket Smeding.
Mar alles is slagge. Dêrtroch leit de drokte efter har en kin Smeding har konsintrearje op it reedriden. Freed rydt se de 500 meter as in soarte fan warming-up. Sneon (1.000 meter) en snein (1.500 meter) hopet se sjen te litten dat it olympysk startbewiis binnen hânberik is.