Slim ûngelok op Trekwei Dokkum-Wâlterswâld: auto te wetter, ien deade

Op de Trekwei tusken Dokkum en Wâlterswâld (N910) is woansdeitejûn in 31-jierrige man út Dokkum om it libben kaam. Hy rekke mei syn auto op de kop yn 'e sleat.
© Noordernieuws
It ûngelok barde om kertier oer sânen hinne. De brânwacht, in ambulânse en it Mobiel Medisch Team wiene op it plak om help te bieden. Dat helle neat út. Efkes letter kaam de melding dat de persoan ferstoarn wie.