Noordelijk Film Festival biedt seleksje út programma online oan

De 41ste edysje fan it Noordelijk Film Festival begjint dizze woansdei yn Ljouwert. It festival duorret oant en mei snein, as alles goed giet, want de oprinnende coronasifers meitsje it ferrin fan it festival spannend.
© LEO Middelsé, Larissa Lokenberg
De iepeningsfilm fan it festival is 'Silence of the tides'. "Dy past yn alle ûnderdielen fan it festival: de noardske fokus, it regionale en it nije ecocinema", seit Fredau Buwalda. Se is al sûnt 2010 meiwurker fan it filmfestival en sûnt acht jier artistyk lieder en programmeur.
By it festival folgje se alle regels fan it RIVM en der is coronacheck by de doar. Oer de parsekonferinsje fan freed makket se har net bot soargen. "Faak gean regels in pear dagen letter yn, dus we hoopje der krekt tuskentroch te glippen."
Foar minsken dy't net komme kinne, is in seleksje makke fan sa'n 20 titels dy't online besjoen wurde kinne. Omdat de nije Pathébioskoop letter klear wie as pland, binne de films dy't dêr programmearre stean, no te sjen yn Tivoli.
Fredau Buwalda