Steaten stimme yn mei heal miljoen stipe foar Thialf

Stekt de provinsje wer jild yn iisstadion Thialf? Steateleden praten woansdei oer it plan om jierliks 542.000 euro te jaan en nochris ien kear 4 ton om de sinnepanielen op it dak oan te krijen. In mearderheid stimde foar en dêrmei kin it iisstadion de begrutting slutend krije. De folsleine opposysje, útsein D66, stimde tsjin.
IIsstadion Thialf op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Wiebo de Vries fan de ChristenUnie is ien fan de tsjinstimmers. "Ik fyn dat der nochal wat ûnwissichheden ûnder lizze. De bydragen fan KNSB en NOC*NSF binne net keihurd en dêrom is dit net it goeie momint om dêrmei yn te stimmen. It Ryk moat no oer de bydrage te set en dy stimming is pas yn de rin fan desimber."
Neffens deputearre Friso Douwstra binne de lûden posityf dat der stipe komt. "Mar ik wol it graach oan de foarkant tichthawwe en sjen oft we rjocht hawwe op de bydragen fan it Ryk."

Jild ûnder betingst

Hy wol it jild ûnder betingst jaan dat it Ryk mei jild oer de brêge komt. As dat jild der net komt, is dat neffens him net de ein fan Thialf. "Dat betsjut de ein fan it oandielhâlderskip fan de provinsje fan Thialf, net de ein fan Thialf. Miskien meldt him wol in merkpartij dy't it oernimme wol."
Neffens De Vries moat mear sjoen wurde nei wat potinsjeel mooglik is. "Ik fyn wol dat Thialf behâlden wurde moat, mar ik freegje my ôf oft dat de rol fan de provinsje yn de topsport is."
It krityske rapport fan de Noardlike Rekkenkeamer kaam ek oan de oarder. "Dêr sit in grut part 'wensdenken' yn en ik hâld myn hert fêst oft we dat no net wer oan it dwaan binne."
© Omrop Fryslân
Jaap Stalenburg (PvdA) is der wiis mei dat it jild der komt. "Daarmee houdt het niet op, we moeten werken aan plannen voor de toekomst om Thialf een veel stevigere bodem te geven." It jild moat der komme omdat it bedriuw draaien bliuwe moat. "Begrotingstechnisch moet dat op deze manier." Hy ferwachtet dat der in tuskenoplossing komt om it foar de jierren dêrnei wol ûnder betingst beskikber steld wurdt.

Gjin pinautomaat

De provinsje moat net de 'pinautomaat' foar Thialf wurde. "Het mag wel wat ondernemender en er liggen ook plannen waaronder een plan van Jac Orie over een bewegingscentrum. Bij voetbalstadions zie je ook dat er retail bij zit, ik zeg niet dat er een supermarkt bij Thialf moet, maar ontwikkel dat gebied."
Hy hat mei ferskate minsken yn Den Haag praat oer de stipe fan it Ryk. "Het beeld is dat iedereen wel wat wil doen, maar uit welk potje, dat is de vraag. Kamerbreed is men naar een oplossing aan het zoeken om Thialf te redden."
Deputearre Friso Douwstra (CDA) © Lennard Geerts

Ryk is oan set

De fraach oan it Ryk is 20 miljoen yn tsien jier. Neffens deputearre Friso Douwstra is dy tasizzing der wol, mar wis is it net. "Yn de Twadde Keamer wurdt dêr begjin desimber oer praat. De begrutting is slutend en no is it Ryk oan set. As we no neat dogge, is der fuort in tekoart takom jier."
Der wie krityk út de Steaten dat der wat barre moat foar de takomst. Dêroer sei Douwstra dat dat ek it plan is. "Der moat in businesscase komme foar de takomst, mar we dogge it stap foar stap."
As it jild net komt, dan moat der miskien ôfboud wurde. Hoe't dat ôfbousenario derútsjocht woe er noch net sizze.
Hayo Bootsma folge it debat en prate mei Wiebo de Vries, Jaap Stalenburg en Friso Douwstra