RIVM: 447 nije besmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 447 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 38 mear as tiisdei. Doe waarden 409 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 460 besmettingen meld yn Fryslân. Tiisdei lei dat trochsneed op 437, in wike lyn op 275.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne wol twa Fryske pasjinten mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan Dantumadiel en De Fryske Marren.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 12.713. It trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 11.470.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.