Witte Swaen foar it earst bûten de Harnzer haven foar test op it Waad

10 nov 2021 - 13:15

Replika De Witte Swaen fan it skip fan Willem Barentsz hat foar it earst bûten de haven fan Harns west. It skip is boud yn it Dok en kin no farre. Foardat it op it winterlisplak yn de Noarderhaven oanlei, makke De Swaen in testfeart op it Waad. En dat gie goed.

Der wurdt al mear as tsien jier oan de replika fan it skip út 1596 wurke. It skip hat woansdei yn it Kimstergat farproeven dien om de skipsfoarm te testen. "Dan kijken we hoe de vorm van de romp en het roer zich tot elkaar verhouden. Wil het een rondje draaien? Lukt over bakboord even goed als over stuurboord?", seit Paul Meijering.

Spesjaal tastimming

Neffens him is de Witte Swaen der klear foar. "Er is al een sleepboot, de KNRM gaat ons begeleiden. We gaan van het Dok naar de winterslaapplaats in de Noorderhaven. Maar voordat we daar naartoe gaan, varen we even de haven uit om het Wad op te gaan. We hebben tijdelijk toestemming van Verkeer en Waterstaat om te kijken wat het schip doet."

Spannend

Gewoanwei fart it skip mar sa'n 300 meter, fan it simmer- nei it winterlisplak. "Maar nu gaan we echt een paar mijl het ruime sop op. Het is voor ons heel spannend, want er zitten al 30.000 werkuren in voor onze vrijwilligers." Nei de oefentocht komt de Witte Swaen yn de buert fan it stedhûs te lizzen, foar de winter.

Paul Meijering fan de Witte Swaen

Uteinlik is de bedoeling dat it skip, foar't it écht fier fuort fart, ek noch oefenet op de Iselmar en tusken de Waadeilannen. "Dan zijn we zeker weer een jaar verder. Het is een kwestie van geduld, maar we zijn ook al even bezig."

De test hat goed útpakt. "Boven verwachting", sei Paul Meijering. "Het roer hield zich goed en ook stuurboord en bakboord ging goed. Als een zonnetje."

Paul Meijering

(Advertinsje)
(Advertinsje)