It Amelân as earste oan bar foar 'boosterprik': GGD Fryslân wol fêste wâl gau folgje litte

Op It Amelân wurde op 29 novimber de earste 'boosterprikken' fan Fryslân set. Dat is de ekstra faksinaasje tsjin it coronafirus, dy't as oppepper bedoeld is nei de earste prikken.
It Amelân as earste oan bar foar 'boosterprik': GGD Fryslân wol fêste wâl gau folgje litte
De 'boosterprik' wurdt earst oan minsken fan 80 jier en âlder jûn, mar GGD Fryslân wol tastimming krije om foar de eilannen de ynwenners boppe de 75 jier te faksinearjen. Dat slagget nei alle gedachten by Skylge ek, foar Flylân en Skiermûntseach rinne ek noch petearen om yn oare leeftiidskohorten te prikken. Foar de oare Waadeilannen steane noch gjin datums fêst.

Brief fan gemeente

Wa't foar de boosterprik yn oanmerking komt, krijt in brief fan de gemeente Amelân. Dêryn stiet in telefoannûmer om in prikôfspraak te meitsjen. De faksinaasjes wurde set yn sporthal De Slinger yn Hollum.
Uteinlik moat eltsenien boppe de 60 jier yn oanmerking komme foar in boosterfaksin, mar de âldste minsken binne as earste oan bar.
De faksinaasjelokaasje yn Drachten © ANP
Nils van Mourik fan de GGD fertelt dat it logistyk goed útkaam om op It Amelân útein te setten. "Wy wiene al mei Amelân yn petear oer de werhellingsoprop foar minsken dy't noch net in prik hân hawwe. Wy hawwe it bepraat mei it RIVM en de GGD GHOR. Wy binne der dochs, dus dan kinne je logistyk better ek mei de boosterkampanje begjinne."

Oare part fan Fryslân

Oer de fêste wâl is noch net in beslút naam, mar der binne woansdei ferskate oerlizzen mei soarchynstellingen. "Dat is logistyk dreger, mar wy dogge ús bêst." Van Mourik hopet oan de ein fan de wike of begjin takom wike mear dúdlikens te hawwen.
Nils van Mourik fan de GGD
Dochs hopet Van Mourik dat ek de fêste wâl gau oan bar is. "As ik earlik bin soe it my net fernuverje as wy foar desimber al úteinsette. Dêr sette wy wol op yn, ik hoop dat wy it foarinoar krije."

Moderna oars as Pfizer

It hinget ûnder oaren ôf fan it beskikbere personiel, de registraasjesystemen en it faksin dat brûkt wurde sil. "De Gezondheidsraad hat oanjûn dat it bêste in mRNA-faksin brûkt wurde kin. Dat betsjut Pfizer of Moderna. As it Moderna wurdt, dan moatte der noch minsken oplaat wurde. De ferhâldingen yn it faksin binne dêr krekt wat oars as by de earste faksinaasjerûnte. By Pfizer giet it wol om deselde hoemannichte." AstraZeneca wurdt it yn alle gefallen net.
De boosterprik kin net op itselde momint set wurde as de gewoane grypprik, om't de kâns op bywurkingen te grut is. Der moatte op syn minst twa wiken tusken sitte.

Ek op oare Waadeilannen

De GGD begjint ek mei de boosterprik op de oare Fryske Waadeilannen. Skylge is op 1 en 2 desimber oan bar en Flylân op 15 desimber. Wannear't de boosterprikken op Skiermûntseach úteinsette is noch net bekend.
Op de eilannen kinne minsken fan 75 jier en âlder de boosterprik krije en op Flylân ek de 60-plussers, omdat dêr minder minsken wenje.