Gemeente Dantumadiel slút oan by Betonketen Fryslân: duorsumer bouwe is it doel

De gemeente Dantumadiel slút har oan by it netwurk Betonketen Fryslân. Dat netwurk wol beton op in duorsumere manier produsearje, bygelyks troch beton út stoepen, diken en gebouwen opnij te brûken.
By de bou fan Campus Damwâld hat de gemeente ek duorsum boumateriaal brûkt. © Gemeente Dantumadiel
Betonketen Fryslân is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en de gemeenten Ljouwert, Hearrenfean en De Fryske Marren, in gearwurking dy't yn 2018 ûntstien is. Hieltyd mear Fryske gemeenten en oannimmers slute harren derby oan.