Te hurd ride, ûnjildich rydbewiis en iepensteande boeten: plysje nimt op A7 auto yn beslach

De plysje hat tiisdei op de A7 in auto fan in ferkearsregelsoertrêder yn beslach nommen. De bestjoerder hie in ûnjildich rydbewiis en ried fierstente hurd by dykwurksumheden del.
© Instagram Politie Team Verkeer Noord-Nederland
It ynsidint barde op de A7 tusken Fryske Peallen en Drachten. De bestjoerder ried 128 kilometer de oere, dêr't 70 yn ferbân mei wurksumheden de maksimale snelheid wie.

700 euro oan ferkearsboeten

Doe't de plysje de bestjoerder oan de kant fan de dyk sette, die bliken dat it rydbewiis fan de bestjoerder ûnjildich wie. Boppedat hie de bestjoerder noch 700 euro oan ferkearsboeten iepenstean. De plysje hat dêrom mar besletten om de auto yn beslach te nimmen.