Harm Jesse Algra befrijt jonge mei kraan ûnder auto wei

In 13-jierrige jonge is tiisdeitemoarn op de Paterswoldsewei yn Grins ferwûne rekke by in botsing mei in auto. It slachtoffer bedarre ûnder de auto. De 23-jierrige Harm Jesse Algra fan it grûnfersetbedriuw Algra út Drachtsterkompenije betocht him net en tilde mei syn kraan de auto op, sadat it slachtoffer befrijd wurde koe.
© Noordernieuws
Heit Klaas Algra is grutsk op syn soan: "De ambulânses en it sikehûs hawwe noch kontakt mei him opnommen om te sizzen dat se hiel bliid wienen mei dizze aksje. Oars krigest sa'n jonge net samar ûnder de auto wei."
Harm Jesse wie oan it wurk by de Combinatie Herepoort by Grins. Hy ried fan it iene plak nei it oare doe't it ûngemak barde. "Harm Jesse betocht him net, hy draait sa syn palletfoarken ûnder de auto en tilt him op", seit heit Klaas.

"Wa hat der net belle?"

Nei de helde-aksje woenen allerhande mediaynstellings it ferhaal fan Harm Jesse hearre. "Wa hat der net belle? Se wolle allegear mei Harm Jesse prate." Dat fûn Harm Jesse sels lykwols net sa noflik. "Dan komt it allegear wer omheech", seit Klaas.
It ynsidint leveret fansels in protte goede reklame foar it bedriuw op, mar: "De reklame is okee, mar de sûnens fan de jonge stiet boppe-oan", seit heit.