Saak-Adonay: 60 en 120 oeren wurkstraf foar ynstrukteurs Lemster swimbad

09 nov 2021 - 13:33

De twa ynstrukteurs dy't yn it swimbad fan De Lemmer les joegen doe't de 11-jierrige Adonay út Balk dêr ferdronk, krije 60 en 120 oeren wurkstraf. De rjochtbank fynt dat de fertochten tekoart sketten binne yn harren tafersjoch.

Neffens de rjochtbank ha de ynstrukteurs skuld oan de dea fan Adonay:

De rjochtbank tinkt dat Adonay al koart nei it begjin fan de swimles ferdronken is. "Verdachten hebben het aantal kinderen op geen enkel moment geteld. Verdachten hebben ook geen afspraken gemaakt over vorm en inhoud van de les, en niet over hoe de toezicht hebben gehouden. Dit rekent de rechtbank de verdachten aan."

Gjin dúdlike ynstruksjes

Boppedat wurdt it fertochten oanrekkene dat ynstruksjes net dúdlik genôch oerbrocht binne op de skoalbern yn ferbân mei de feilichheid fan de bern.

"Adonay is volledig aan de aandacht van verdachten ontsnapt, en dat is hen aan te rekenen. Adonay is als gevolg van dit tekortschieten overleden."

"Geen enkele straf kan verzachten"

It Iepenbier Ministearje hie 240 oeren wurkstraf easke tsjin de manlike fertochte. Tsjin de froulike fertochte wie 180 oeren wurkstraf easke. Mar de rjochtbank oardiele oars en dus krijt de froulike ynstrukteur 60 oeren wurkstraf en de man krijt 120 oeren.

Mar, sa seit de rjochtbank: "Het is duidelijk dat geen enkele straf het verdriet van een moeder kan verzachten."

'Gewenningslessen'

Adonay Berhe út Eritreä wie noch mar in pear moannen yn Nederlân by syn mem, doe't er op 6 febrewaris 2020 syn earste swimles hie. It swimbad Ny Sudersé op De Lemmer fersoarge 'gewenningslessen' foar bern fan basisskoalle De Cocon út Balk, sadat se yn de kunde komme kinne mei wetter.

De Cocon is in skoalle foar asylsikers en statushâlders.

Foto: eigen foto

De 11-jierrige Adonay siet yn in groep bern dy't allegearre harren earste les hienen. Neffens mem Merhawit Kidant mocht sy fan de skoalle net mei nei it swimbad ta. Hoewol't net dúdlik is wat der krekt bard is, is wol dúdlik dat him yn it swimbad in drama ôfspile hat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)