Kraan stiet noch omheech: ferkearsljochten by De Lemmer út de grûn lutsen

08 nov 2021 - 17:15

In frachtwein hat moandeitemiddei ferkearsljochten by de rûnwei fan De Lemmer út de grûn lutsen. Dit kaam trochdat de kraan op de trailer fan de wein noch omheech stie.

Troch it ûngemak is in part fan de dyk ôfsletten. In ferkearspeal hinget oer de dyk en de ferkearsljochten binne hielendal kapot. Dêr moatte nije fan komme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)