FIDEO: De ferskate ferhalen fan in histoaryske Berenloop op Skylge

Nei it skrassen om corona ferline jier stie er it ôfrûne wykein wer op it programma: de Berenloop op Skylge. It waard fanwegen de omstannichheden in bysûndere edysje, mar ek troch it ferhaal fan Hilda Mollenhorst dy't nei in operaasje fanwege kanker mei har sjirurch rûn. Of de lêste dielnimmer, dy't krekt bûten de offisjele tiidsgrins binnenkaam.
Bysûndere ferhalen by de Berenloop
Hilda Mollenhorst rûn mei har sjirurch Schelto Kruijff fan it UMCG ûnder mear om jild op te heljen foar ûndersyk nei operaasjes by darmkanker. De crowdfundingsaksje is hjir te finen.