Goed trije jier sel easke yn saak 'seksuitbuiting' op Ljouwerter Weaze

Justysje easket trije-en-in-heal jier sel tsjin in 39-jierrige man út Bulgarije fanwegen it 'uitbuiten' en mishanneljen fan in Bulgaarske prostituee yn Ljouwert. De man wurdt derfan fertocht dat hy de frou foar him oan it wurk hie op De Weaze yn Ljouwert.
© Omrop Fryslân
De saak kaam oan it rôljen troch meldingen oer mooglike minskehannel. Troch plysje-ûndersyk kamen twa manlju út Bulgarije yn byld. Ien fan de twa waard yn septimber al feroardiele ta fjirtjin moanne sel. Hy hie in oar slachtoffer oan it wurk yn de prostitúsje.
De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.