Skriezeplan kin it fean, en dêrmei ek it klimaat, helpe

It Aanvalsplan Grutto kin yn de Sweagermieden tusken Westergeast en Damwâld ek hiel goed útpakke foar it beskermjen fan it fean, seit natuerbehearder Steatsboskbehear. En wat goed is foar it fean, is ek goed foar it klimaat.
Skriezeplan kin it fean, en dêrmei ek it klimaat, helpe
Fean hâldt in hiel soad CO2 fêst: ien fan de grutte oanjagers fan de klimaatferoaringen. Kearn fan it oanfalsplan is it meitsjen fan grutte, geskikte gebieten foar greidefûgels en in geskikte wetterhúshâlding. Dêrfoar binne lanlik 34 gebieten yn byld.
De Sweagermieden mei de boeren fan de agraryske natuerferiening it Kollumer Grien en de Noardlike Fryske Wâlden dêromhinne liket ien fan de koprinners te wurden. Steatsboskbehear sjocht kânsen om hjir in oantal saken te kombinearjen.
Sompeplanten yn de Sweagermieden © Omrop Fryslân/Remco de Vries
No wurdt in soad wetter dat winterdeis yn en om it natuergebiet hinne falt, noch fuortpompt. As it simmerdeis dan dochs te drûch is, wurdt der wetter út de boezem it gebiet yn litten.

Langer fêsthâlde

In alternatyf dêr't Steatsboskbehear no op wiist, is it wetter dat op de hegere sângrûnen om it gebiet hinne falt dêr langer fêst te hâldem yn stee fan it fuort te pompen. Dat wetter sakket dan stadichoan fuort en komt letter as kwelwetter wer boppe yn de legere dielen fan de Sweagermieden.
Dy konstante kwelstream kin de ôfbraak fan it fean fertraagje of opkeare. Boppe wurdt dat kwelwetter ûnderweis ferrike mei mineralen dy't goed binne foar bysûndere krûden en blommen. Wietere feangreiden binne ek goed foar de greidefûgels lykas de ôfrûne maitiid wol bliken dien hat.
De Sweagermieden © Omrop Fryslân/Remco de Vries
Op dy hegere sângrûnen dêr't it wetter dan langer fêst hâlden wurde moat, wurkje wol boeren. Dyselde boeren pachtsje ek lân yn de Sweagermieden. As op beide plakken it lân wieter wurdt, wurdt it buorkjen wol dreger.
Steatsboskbehear is dêr dúdlik oer. Dêrfoar moatte de boeren kompensearre wurde en wol foar sa'n lange tiid dat se der echt fan op oan kinne. Dat jild kin dan út it lanlike Aanvalsplan Grutto komme. Op it stuit dogge de boeren hjir ek al in soad foar de greidefûgels mei ûnder oare plasdras-gebieten.
Steatsboskbehear giet behoarlik fier foar in natuerorganisaasje yn de romte dy't der jûn wurdt foar de bestriding fan rôfbisten, fynt boskwachter Gjerryt Hoekstra fan Steatsboskbehear. It bysûndere fan it gebiet is dat der noch behoarlik lytsskalich buorke wurdt.

Skaalfergrutting

Mar dat stiet wol ûnder druk, seit Hoekstra: "Skaalfergrutting leit hjir yn dit gebiet wol wat op de loer. Dêr bin ik ek wol in bytsje benaud foar. Ast dy ekstinsive boeren dy't hjir omhinne sitte bygelyks mei jild út it Aanvalsplan Grutto perspektyf biede kinst foar de takomst, dan hast tink ik in prachtich, robúst gebiet. De boeren deromhinne dogge oan agrarysk natuerbehear yn in grutte skyl en it reservaatgebiet leit yn de midden. Sa fersterkest inoar. Ik tink echt dat der foar dit gebiet grutte kânsen lizze yn gearwurking mei dy boeren."
Gjerryt Hoekstra fan Steatsboskbehear